Tsjaerddyk 48

Tsjaerddyk 48
©: uitgeverij van der Meulen bv, Sneek

Douwe Lucas Elsinga (út Marsum) is skuonmakker yn Folsgeare. Yn 1846 trout hy mei Jeltje Pieters Bergsma. Hja is widdow fan Bokke Pieters Nettinga. Fan him learde hja it fak fan skuonmakker. Dêrneist wie se naaister. Jeltje hat twa lytse dochterkes, tegearre krije Douwe Lucas en Jeltje noch seis bern. De húshâlding wennet sûnt 1850 yn’e Tempel.

Jeltje Pieters ferstjert yn 1860 en Douwe Lucas Elsinga trout opnij yn 1863 mei Tjitske Elzer. Hja is widdow fan Jurjen Sweering en nimt har jongste bern, Maaike en Hindrik, mei. Tegearre krije Douwe en Tjitske noch in soantsje dat mar 10 moanne âld wurde sil.

Yn 1876 keapet Douwe Lucas in stikje grûn fan de tsjerkfâden. De grûn is in part fan it ‘Tsjerkepôltsje’ tsjin de tsjerke oer. Dit perseel wie nei de ôfbraak fan it pastoarshûs/pastory net beboud. Meidat de tsjerke fanwege de bou fan’e nije tsjerke ferlet fan jild hie, koe Douwe Lucas dêr in stikje fan keapje. Lykwols waard it ‘Tsjerpôltsje’ jierren letter ‘Piers pôltsje’ neamd. Pier Cnossen kaam om 1940 hinne te wenjen op Tsjaerddyk 38. Hy liet syn  stikmannich kij weidzje op dit stikje grûn.

Douwe Lucas lit hjir yn 1876 in hûs bouwe troch syn buorman, timmerman Gerrit Monsma.  As it hûs klear is, ferhúzje Douwe en Tjitske mei de noch ynwenjende bern Akke Douwes en Hindrik Sweering, tegearre mei harren help yn’e húshâlding Akke Hendriks Ykema, nei harren nije hûs. 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: uitgeverij van der Meulen bv, Sneek

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)