Willem Sjerps Twijnstra

Willem Sjerps Twijnstra
©: Wytske Heida

Sjerp Gerbens en Sjoukje Willems trouwe op 31 oktober 1786 yn Jorwert.  Se wurde dêr boer en boerin en yn 1787 wurdt Antje Sjerps berne. Yn 1788 ferhúzje se nei Baard, in doarpke dat wat fierderop leit. Nei de komst fan twa dochters wurdt harren soan  Willem Sjerps berne yn 1792. Nei noch trije dochters, krije se wer in soan yn 1802, Gerben Sjerps. Dêrnei komme der noch in dochter en in soan.

Antje Sjerps trout yn 1809 mei Hielke Pieters Wiersma út Abbegea. Hielke Pieters is boeresoan en it pear begjint mei de stipe fan Hielke Pieters syn heit Pieter Rienks, in eigen boerebedriuw yn Abbegea.

Willem Sjerps giet, krekt as syn âldste suster, om 1812 hinne nei Abbegea en wurdt dêr boerefeint. Hy moetet hjir Japke Pieters Boomsma, dochter fan Pieter Gerrits Boomsma en Antje Freerks Bouwma,  boer op’e pastorijbuorkerij.

Willem Sjerps en Japke Pieters trouwe yn 1816 en begjinne in winkeltsje yn it doarp. Dit bringt te min op en in jier letter regelet skoanheit dat Willem Sjerps boer wurdt op’e tsjerkebuorkerij oan’e Rige fuort by Abbegeasterketting.

Yn 1817 wurdt Antje Willems berne. Dêrnei komme der noch sân bern fan wa’t der trije jong ferstjerre.

Yn 1830 ferhuzet de famylje Twijnstra nei Folsgeare. Yn it doarp steane, útsein in tsjerke en in pastorijbuorkerij, noch mar fiif hûzen. Oan’e súdkant fan’e Tsjaerddyk is in timmerbedriuw (Tsjaerddyk 42), in winkel / herberch (Tsjaerddyk 38), in slachter (Tsjaerddyk 36 e.f),  oan’e noardkant in komelkerij (de lettere Tempel) en in tsjerkehûs.

De húshâlding Twijnstra lûkt yn by Kerst en Jacob Arjens en Willem Sjerps wurdt slachter fan berop. In Folsgeare wurde der noch ris seis bern berne. Der ferstjerre twa bern.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Wytske Heida

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)