De Dokkumer Wâlden

De Dokkumer Wâlden
©: FrieslandWonderland

De streek besuden Dokkum stiet bekend as De Dokkumer Wâlden. Dêr leit in sânrêch dêr`t him yn de rin fan de ieuwen in bysûnder lânskip ûntwikkele hat. Karakteristyk binne de elzesingels dy`t de ôfskieding foarmje tusken de stikken lân. Foar it romme, iepen lânskip fan it seeklaaigebiet noardlik fan Dokkum komt hjir in heal ticht, saneamd beamwâlelânskip foar yn it plak.

De ôfwikseling tusken iepen stikken lân, beamwâlen en lytse stikjes bosk jout it gebiet in hiel eigen sjarme. It makket net om `e nocht diel út fan it ’Nationaal Landschap ’De Noordelijke Friese Wouden’’.

Op de heger lizzende sânrêch wie al om 4000 foar Kristus hinne sprake fan bewenning. Troch it heger wurden fan de seespegel feroare it gebiet yn de rin fan de ieuwen lykwols yn in ûntagonklik heechfeangebiet. Fan sawat it jier 1100 ôf waard dat fan de noardlike klaaistreek út ûntgonnen. Dwers op de noard-súdrjochte ferkaveling ûntstie sa op de oarspronklike sânrêch in rige doarpen: Driezum, Wâlterswâld, Damwâld (Nedl.: Dantumawoude), Moarrewâld (Nedl.: Murmerwoude), Ikkerwâld (Nedl.: Akkerwoude) en Rinsumageast. De lêste trije binne yn 1971 gearfoege ta Damwâld. ’Dam’ betsjut dêrby neat oars as de earste letters fan de trije oarspronklike doarpen, yn in maklik te lêzen folchoarder, útgeande fan de Nederlânske beneamings.

De Dokkumer Wâlden binne in paradys foar eltsenien dy`t hâldt fan rêst, natuer en moaie lânskippen. Likegoed binne alle foarsjennings foar in noflik ferbliuw oanwêzich. Yn kultuerhistoarysk opsicht hat it gebiet ek it nedige te bieden: tsjerken, mûnen, de tichteby lizzende fêstingstêd Dokkum, it Cichoreimuseum De Sûkerei ensfh. De Dokkumer Wâlden liene har by útstek om mei de fyts of te gean ferkend te wurden. Kanoleafhawwers kinne terjochte op de Falomster Feart, dy`t de súdlike grins fan it gebiet is en tagong jout ta it feangebiet bewesten De Dokkumer Wâlden.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland

Relatearre ynformaasje


Finsters