Aldeouwer is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. Mooglik is dit it âldste fan de doarpen fan it Ouwster Trijegea, dêr’t Ousterhaule en Ousternijegea ek by hearre. Op de gritenijkaart út de atlas fan Schotanus (1718) leit it doarp tusken de greide- en haailannen yn en noardwestlik is de Atsepoel te finen en even fierderop stiet it ‘Oud Kerkhof ‘ yntekene. Yn it suden hat it doarp troch de ieuwen hinne slim te lijen hân fan it ôfbrokkeljen fan landerijen troch de Tsjûkemar.
Oan de dyksbuorren kaam in nije tsjerke en hjir, yn tsjinstelling mei de oare twa doarpen, mei in toer.