Omjouwing Jorwert

Omjouwing Jorwert
©: FrieslandWonderland

Jorwert is fansels ferneamd fanwegen it prachtige boek fan Geert Mak, ’Hoe God verdween uit Jorwerd’. Ek as jo dat boek net lêzen hawwe is it doarp in besyk mear as wurdich, hielendal as jo fan de gelegenheid gebrûk meitsje om tagelyk de prachtige omkriten te ûntdekken. Dat kin poerbêst op ’e fyts, rinnende, mei de boat of fansels in kombinaasje dêrfan.

Troch it manjefike terpelânskip rinne de Frjentsjerter Feart en de Boalserter Feart, dy’t elkoar kruse by Easterlittens. Beide fearten meitsje diel út fan de Middelseerûte, in prachtige farrûte foar elkenien dy`t wolris fuort wol fan de drokke Fryske Marren. Yn dit gebiet treffe jo in seldsume rêst, is de stilte te hearren en is it nachts noch echt tsjuster...

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland

Relatearre ynformaasje


Finsters