Ald lân en nij lân

Ald lân en nij lân
©: FrieslandWonderland

De Middelsee dielde Fryslân foarhinne yn twa stikken: Westergoa en Eastergoa. De Middelsee wie in djippe see-earm dy`t lâns Ljouwert rûn en dêrnei ôfbûgde rjochting Snits en Boalsert. Op de kaart is de trachterfoarmige mûning noch altyd goed werkenber. De wei fan Ljouwert nei Stiens, de Brédyk, folget it trasee fan de dyk dy`t ienris Eastergoa beskerme tsjin de Middelsee. Deinum, Marsum, Ingelum, Bitgummole, Bitgum, Berltsum, Wier en Minnertsgea leinen op de westlike wâl fan de see-earm.

It gebiet lit in moai kontrast sjen tusken it ‘âlde’ en it ‘nije’ lân. It âlde lân wurdt kenmerke troch de karakteristike terpdoarpkes op de wâlkanten fan de eardere see-earm. Yn it leger lizzende gebiet fan de Middelsee séls is - neist de fleanbasis Ljouwert - allinnich sprake fan ferspraat lizzende pleatsen.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland

Relatearre ynformaasje


Finsters