Terherne is in âld wetterdoarp op in sânrêch by de eastlike hoeke fan de Snitser Mar. It leit eins op in eilân tusken dizze mar en de Hoarne en de Terhernster Puollen en Terkaplester Puollen. De delsetting is groeid by de âlde Slachtedyk dy’t súdlik fan de Nije Wjittering lei. ‘De Buurt is geheel zonder order aangelegd, hoewel taamlijk groot’, waard oan it ein fan de 18e ieu skreaun en noch hat it doarp in ferrassende struktuer.
Yn it noarden leit, yn in gebiet wêr’t de ôfrûne desennia wettersportbedriuwen fêstige binne, in grutte flapbrêge oer de nij groeven Sânsleat.