It terpdoarp Ried is stichte op ien fan de súdwest noardeast rinnende kustwallen yn it âlde Barradiel en Frjentsjerteradiel. It hat syn namme te tankjen oan de namme fan it wetter, de Rie, dy’t noardlik by it doarp lâns rint, in oantinken oan de slinken út de tiid dat it lân noch net bedike wie.
De bebouwing is foaral by de wegen lâns, Doanjumerwei – Kleasterdyk pleatst mei inkele notabele wenningen, wêrfan ien in dekoratyf koetshûs hat en mei in pear filla’s yn fernijende styl fan koart nei 1900. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nieu