Noardlik en Eastlik fan Frentsjer

Noardlik en Eastlik fan Frentsjer
©: FrieslandWonderland

Dit gebiet is it dekor fan it earste part fan it meast beruchte trajekt fan de Alvestêdetocht: dat fan Frjentsjer nei Dokkum. De ferneamde reedrydrûte giet by Doanjum, Boer en Rie lâns, terpdoarpkes op in âlde kwelderwâl by in eardere slinke, de Ried.

It hiele gebiet is in treflik foarbyld fan in âld kwelderlânskip. Ferstille, skildereftige terpdoarpkes, ieuwenâlde tsjerkjes, kwelderwâlen, restanten fan âlde seeslinken, diken, prachtige fiergesichten, rêst, stilte... In ideaal gebiet om te fytsen, te kuierjen, om lekker út te waaien en ta rêst te kommen.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland

Relatearre ynformaasje


Finsters