Folksliet: Us Achlum

Folksliet: Us Achlum
©: roelie anema

De skoalmaster L.Th Jonkman hat it Achlumer folksliet skreaun en ynstudearre mei de skoalbern. De skoalbern songen dat thús en sa waard it ferspraat. No wurdt it songen by wichtige Achlumer eveneminten.

Us Achlum (meldij It Heitelân. Frysk Lieteboek nr. 3)

Dêr’t de griene greiden blomkje
Tusken Harns en Arum yn
Dêr leit jimmer ’t âlde doarpke
Frij en rom yn sinneskyn
Dêr’t it fee sa freedsum weidet
Simmers oan ’e buorren ta
Dêr leit Achlum, ’t âlde doarpke
Dêr’t w’ as bern al boarte ha (2x)

Dêr’t de tsjerke jin fan fierren
Wiist ’t paad nei ’t âlde plak
Dêr’t de âlde toer wat skruten
Utstekt boppe mannich dak
Dêr’t it lieden fan ’e klokken
Oeren fier fertelt yn ’t rûn
Dêr leit Achlum, ’t âlde doarpke
Wy ha yn dy sa’n freonskip fûn (2x)

Dêr’t de markels en ’e einen
Swimme tusken ’t griene reid
Dêr’t de dauwe simmerjûns sa
Drôgjend oer de fjilden leit
Dêr’t winters rêde skonken
Skreppe op it glêde iis
Dêr leit Achlum, ’t âlde doarpke
Wy binne dochs mei dy sa wiis (2x)

© Foto voorblad: roelie anema



    Reageare

    Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Groep Achlum)