Winkeltje Doede Jongeling

Winkeltje Doede Jongeling
©: Stien Vroom-Jongeling

Een winkeltje ‘oan it terpspaad’

Tegenover het voormalige gereformeerde kerkgebouw, De Bining, loopt een straatje naar de nummers Langgrousterwei 8-12. Tegenover de nummers 10 en 12 stond eens een huis. Dat huis is al lang verdwenen en de grond is bij de tuin van Langgrousterwei 16 getrokken. Heel lang was de plek nog te herkennen aan een inham, later was er een ingang naar nummer 16.

In dat huis was zo rond de tijd van de Tweede Wereldoorlog een winkeltje van Doede en Adriaantje Jongeling. Zij hadden drie kinderen: Stien, Geert en Tjalling. Dochter Stien woonde later in Wurdum en heeft voor haar (klein)kinderen opgeschreven hoe dat vroeger ging in dat winkeltje, hoe het was ontstaan, waar de kamers waren enz. Ik had jaren geleden geregeld contact met Stien omdat zij in oorlogstijd koerierster was van Yme Holwerda, verzetsleider in Easternijtsjerk. Ik heb haar toen gevraagd of haar verhaal in De Doarpsskille geplaatst mocht worden en dat werd toegestaan. Een foto van het winkeltje en een foto van hetgezin werden ook toegeschikt. Hieronder haar verhaal.

WAT IK NOCH WIT FAN FROEGER

Wy hiene in winkel, net sa'n gruttenien want it hie froeger in keamer west, mei noch in rút en in bedstee der yn. Dy winkel wie yn dy keamer kaam doe't ús heit altiid siik wie en it wie foarhinne sa, dan wie der gjin ynkommen. Dat ús mem moast wol wat oars dwaan, dan mar in winkel. Earst yn in efterkeammerke. Dat wit ik sels net mear, mar hat ús mem my wol ferteld. Dêrnei moast der fan dy keamer mar in winkel komme. Der bleau noch in lyts gonkje oer want dy bedstee moast der bliuwe, dêr sliepten Geart en ik yn en Tjalling yn de krêbe op it fuottenein. Letter waard der in fêst bêd makke yn it gonkje oan de side fan it bedstee. Doe moast Geart dêr mar sliepe en Tjalling by my yn it bedstee. Yn 'e simmer hiene wy altiten in fleartûke yn it bedstee oan de souder te hingjen, tsjin de langpoaten. En Geart hie it bêd altiten fol eamelders (mieren) út de bûtenmuorre wei.

Sa libben wy en wy wiene altiten tefreden. Us heit lei gauris op bêd, mar hy hie ek noch lân. Dêr ferboude er woartels, sipels en eardappels. Ek hiene wy piteroalje te keap. Ien klant kaam altiten op snein om oalje want we mochten op snein net betelje en dat paste har better. Wy hiene fan alles yn 'e winkel, net ferpakt fansels, dat wie doe sa net. Boppe de toanbank hong in grutte stôk, it sil wol in biezumstôk west ha, en dêr hongen allegear pûden oan. Dy koene wy der sa ôflûke om te brûken. Letter waard de winkel ferboud. It bedstee efter de winkel kaam der út en dy romte kaam by de winkel. Op de âld souder waard in sliepkeammerke timmere mei twa fêste twapersoans ledikanten. Yn 'e midden stie in tafel en dêr boppe in dakrút foar it ljocht. Geart en Tjalling sliepten yn it iene bêd en ik yn it oare, allegear op ien sliepkeammerke. Yn 'e oarloch is der noch in kartonnen keammerke oanboud!! Doe hiene wy Mieke, in hongerlijer út Amsterdam, Anton Otte út Arnhim as evakuee en Tjalling fan Ietsje-muoi as ûnderdûker by ús yn hûs. Mieke en ik sliepten yn it slappe kartonnen keammerke, mar wy hiene ek lêst fan mûzen en ratten op souder. Dy frieten it keammerke fan karton stikken, mar ús mem sette dêr allegear emaillearde pandeksels foar !! Sa gie dat doe.

Yn 'e winkel hiene wy fan alles te keap. Der hong in kaart oan 'e muorre en dêr stie op: "Aan kinderen onder de 16 jaar worden geen alcoholische dranken verkocht". Mar der wie dochs gjin jild foar dus it hie alhiel gjin nut, dat dat boerd dêr hong. Dêrnêst hong noch in lyts kastke mei sigretten: Miss Blanche, Virginia en sa mear. De tabak stie wer op in oar plak. Der wie ek noch in kastke mei glês der foar. Dat wie de apoteek yn de winkel: boerewjirmkrûd, luzewetter, boomoalje, kampferspiritus, aspirine, kleasterbalsem, Purol, stroaipoeier, wat ferbânlinnen, pleisters, Sanotogen en mear sok spul.

Sjippoeier wie der doe allinne yn Persil en Radion, fierder Sunlight sjippe, pakjes Sil, Kloksjippe en wat Polka. By de Kloksjippe siet altiten in kadootsje, bygelyks in grouwe skulp of sa. Se seine dan koenen wy de see bulderjen hearre (it sil de wyn wol west ha dy't der yn blaasde). In fet mei griene sjippe stie ûnder it rút, om bar winter- as simmersjippe. Dan in bus mei sjerp, dat moast der by pûnen út woegen wurde. Dan kaam der in grutte bak mei sâlt (altiten wie de flier dêr wiet!). Dêrnêst in bak mei polka en dan in bak mei stisel. Wy hiene ek noch sekjes mei Rekkits Zakje Blauw. Kistkes mei droege apels, prûmen en tuttifrutti stiene ûnder de toanbank. Ek noch in tromp mei boerebûter en Roolvink's margarine (half om half). Dan wie der ek Norma margarina mar wêr't dy stie, wit ik net mear. Wy ferkochten ek hinnefoer en moal foar de hinnen (opfokfoer). Dan hiene wy sokke-jern, jern om boarstrokken fan te breidzjen en koekjes by't tromp fol.

Sneins út tsjerke wei helle ús mem it deksel fan in koekjetromp mei allegear soarten koekjes. As dat allegear op wie, giene wy te kuierjen, mar as it reinde, kamen der yn datselde deksel apenuten ! Radio hiene wy foarhinne net, de earste radio dy't wy hiene, wie in ôftankenien fan in oar. Moarns 4 as 5 oere wie ús mem altiten al fan't bêd ôf. Moandeis wie de waskdei en dan hie se om 8 oere de wask al op 'e line want dan begûn it al te rinnen yn 'e winkel om sjippe, polka en stisel. Moarns 5 oere kamen de earsten al om rokerij.

Om 8 oere moarns waard der waarm iten en dan moasten wy nei skoalle. Wy hiene moarns gjin "speelkwartier" lyk as no en middeis út skoalle wei hiene de famkes noch breidzjen. Om healwei ienen krigen wy bôle want om ien oere moasten wy wer op skoalle wêze. Jûns 6 oere wer waarm ite fan wat der moarns oerbleaun wie. Jûns 9 oere wie alles al oan 'e kant en wie it: sliepe!! Sa gie dat doe.

Op in dei gie Geart mei de heechste klassen op skoallereiske op in tiisdei en ik soe mei de leechste klassen op tongersdei mei. Mar ik moast noch in nije wite jurk ha, dat ik by ús mem efterop de fyts nei Dokkum ta om in lapke wite stof, ik tink fan lekken katoen. Mem kocht ek noch in pear sinaasappels, dy kamen foar yn it fytstaske dat oan it stjoer fêst siet. Tusken Wetsens en Nijewier waaide it flapke fan dat fytstaske omheech. Us mem die dat gau wer ticht want, o heden, dat mocht net ien sjen, dat ús mem samar sinaasappels kocht hie want dat wie doedestiids foar rikelju en sike minsken.

Mar wylst se it flapke ticht die, kaam se mei de foet tsjin it taske oan en oer de kop mei de fyts. Ik wie net ferwûne mar mem al, se lei bûten westen yn 'e berm. Ik gong der neist sitten, ja ik wie noch mar seis jier, wat moast ik oars ek dwaan. Der wie net in kop op 'e dyk en plat yn't gers lei ús mem!! Tafallich kaam Johannes Elzinga der lâns mei syn auto. Wy tegearre efter yn de auto, ús mem noch altiten bûten westen. De fyts kaam yn ‘e kofferbak. Doe't wy thúskamen, mar gau nei dokter Dekker om help.

© Tekst: Stien Vroom-Jongeling © Foto voorblad: Stien Vroom-Jongeling

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s