Graach wolle wy eltsenien de mooglikheid jaan om mei te tinken oer de ynhâld fan bepaalde doarps- en stêdskanons. Troch it ynfoljen fan in digitaal formulier kinne jo oanjaan hokker ûnderwerpen yn in bepaalde kanon grif net ûntbrekke meie en wêrom. Mei dizze nominaasjes stypje jo de pleatslike kanonkommisjes by it meitsjen fan de úteinlike doarps- as stêdskanon.

It is hjirby wol saak dat jo ek jo kontaktgegevens trochjouwe sadat de betreffende kanonkommisje kontakt mei jo opnimme kin om it foarstel te bepraten.

Middels ûndersteande knop geane jo nei it formulier om jo ûnderwerp te nominearjen.

Hjirûnder ferskine de ynkommen nominaasjes. (Let op: foardat jo tip hjirûnder te sjen is, wurdt it earst ynhâldlik troch de redaksje kontroleare).