de Boschma pleats

de Boschma pleats
©: archief db Folsgare

De famyljenamme “Boschma” hat syn oarsprong op Sassinga State yn Hinnaard. De âlde state is ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats. By de pleats wiene grutte beamplantaazjes dy’t yn dat tiidrek kapt binne. Sassinga State waard yn’e folksmûle dan ek wol de “Boschpleats” neamd. Ein 18e iuw is Hilbrand Rintjes pachtboer op dizze pleats.

Hilbrand Rintjes is de twadde soan fan Rintje Joukes Runia en Grietje Hilbrands. Hy is yn 1749 berne yn Ysbrechtum en trout yn 1795 op’e “Boschpleats” yn Hinnaard mei Pietje Hanses út Makkum. Yn dit houlik komme der gjin bern.

Hilbrand syn suster Yttje Rintjes ( berne 1755)  trout yn 1774 yn Ysbrechtum  mei Jan Douwes (berne yn 1743) Se wenje earst yn Ysbrechtum dêr’t trije bern berne wurde. Letter ferhúzje se nei Goaiinga dêr’t de húshâlding mei noch trije bern útwreide wurdt. 

Wannear’t Hilbrand Rintjes mei syn frou Pietje Hanses yn 1802 nei Tsjalhuzum ferhuzet, komt syn suster Yttje mei har man Jan Douwes en harren bern op’e “Boschpleats”  yn Hinnaard. 

De âldste soan fan Jan Douwes en Yttje,  Douwe Jans, trout yn 1801 mei Jantje Sjoerds út Spannum. It pear wennet earst yn Hinnaard, dêr’t wer in Jan Douwes berne wurdt. Douwe Jans siket lykwols in eigen pleats en mei help fan syn omke Hilbrand Rintjes út Tsjalhuzum fynt hy dy oan’e Tsjaerddyk (29) krekt bûten it doarp Folsgeare.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief db Folsgare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)