De Twijnstra bruorren

De Twijnstra bruorren
©: Folsgeare om 1850 hinne

Folsgeare bestiet yn 1850 út in pastorijpleats mei dêrneist de tsjerke en de skoalle. Tsjin’e skoalle oer is de timmersaak fan Johannes Paulus Spiering (no Tsjaerddyk 44), oan de oare kant fan de opfeart / Mieddyk wennet Hans Kreger dy’t kûper is (Tsjaerddyk 42). Dêrneist stiet de herberch/winkel fan Epeus Couperus (Tsjaerddyk 38), de winkel fan Kornelis Sjerps Piersma (Tsjaerddyk 36) en as lêste de slachterij fan Willem Sjerps Twijnstra. Oan de noardkant, dêr skean tsjinoer, steane it tsjerkehûs noard en “de Tempel”.

Willem Sjerps Twijnstra en syn frou Japke Pieters Boomsma hawwe fjouwer soannen: Pieter Willems, Freerk Willems, Sjerp Willems en Gerrit Willems.

Oer dizze broers giet dit finster.

Pieter Willems stiet op 23 maart 1850 mei Trijntje Gorrits van der Goot foar de ambtner fan de boargerlike stân en se jouwe elkoar it jawurd. Dit houlik is yn in streamfersnelling rekke troch it ferstjerren fan Pieter Willems syn baas, timmerman Johannes Paulus Spiering yn desimber 1849. Pieter Willems wol no de timmersaak oernimme en mei de stipe fan syn skoanheit, dy’t boer is op Walma State, sil dat net in  probleem wurde.

Yn 1864 makket timmerman Pieter Willems de bou fan de nije tsjerke yn it doarp dien. Hjirnei makket hy noch in pear wenningen oan de Tsjaerddyk. Hy bout yn 1870 de smidderij nêst de kûperij fan syn broer Freerk. Yn 1871 folget it hûs njonken it hiem fan de pastorijpleats dêr’t syn broer Gerrit Willems komt te wenjen (Tsjaerddyk 47) Gelokkich is hy lykwols net, want de nije tsjerke is oan it

fersakjen en opnij opbouwe komt tichtby. De reaksjes út it doarp meitsje dat Pieter Willems yn 1872 it beslút nimt om op te hâlden as timmerman yn Folsgeare. Hy ferkeapet syn timmersaak oan Auke van der Velde. Pieter Willems ferhuzet earst nei Abbegea, wêrnei’t hy wer timmerman wurdt yn Huzum ûnder Ljouwert.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Folsgeare om 1850 hinne

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)