Folsgeare en de Barbarijse seerôvers

Folsgeare en de Barbarijse seerôvers
©: kerkarchief Folsgare

Yn it tsjerke-argyf fan Folsgeare komt yn it jier 1751 en 1752 de útjêftepost “betaald voor twee slaven” foar. In tal jaren letter yn 1769  noch in post “betaald aan een slaaff”. 

Dit binne wol tige besûndere útjêften foar in tsjerke en se roppe de fraach op: “Wat hawwe de ynwenners fan Folsgeare mei slaven te meitsjen?

Yn de skiednisboeken kinne wy lêze dat de Nederlânske seelju destiids in soad lêst hiene fan seerôvers of, sa’t se doe neamd waarden, kapers.

It meast bekend binne fansels de kapers fan Duinkerken. Mar der wiene wol mear. 

Tusken de 16e en de 19e iuw bestiet der in gebiet dat Barbarije neamd wurdt. De namme seit al genôch. Het lân Barbarije is it lân fan de Berbers. Tsjintwurdich kenne wy dit gebiet better as Marokko, Algerije, Tunesië en Libië. Hoewel’t Barbarije taalkundich in gehiel foarmet, hearsket der tusken de ûnderskate  stammen twariedigens. It ynfieren fan de Islam soarget tydlik foar ienigens. Dit duorret lykwols net sa lang. Yn dizze tiid wurde ûnder oare de havenstêden Algiers en Tunis de útfalsbasis foar de beruchte Barbarijse seerôvers. Dit makket dat de Middellânske See, de Noard Atlantyske Oseaan en de Europeeske kustwetters tige ûnfeilich wurde. De piraten interje de skippen. Skip en bemanning wurde meinommen nei de thúshavens. Dêrnei wurde de minsken ferkocht op de slavemerken.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: kerkarchief Folsgare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)