Tsjaerddyk 34

Tsjaerddyk 34
©: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

 

Timmerman Johannes Paulus Spiering út Folsgeare bout om 1842 hinne in dûbele wenning nêst de winkel fan Sjerp Piersma (Tsjaerddyk 36). De wenningen binne net like grut, wenning a) is in starterswenning en wenning b) in iengesinswenning. De bleek, it stalt, de reinwetterbak, it sekreet en de jiskebak efter de wenningen binne foar  mienskiplik gebrûk.

 

As de bou yn 1842 klear is, melde Murk Lykles Postma, boere-arbeider, en Stijntje ten Kate harren foar de iengesinswenning.  Op 12 maaie 1862 ferhúzje se nei Easthim.

 

Gerrit Willems Twijnstra en Anke Joukes Boschma wurden de nije bewenners. Nei it ferstjerren fan Anke Joukes yn 1869 nimt Afke Hoogma as ynwenjende tsjinstfaam de soarch foar de húshâlding oer. Yn 1870 ferhúzje se nei it nijboude hûs njonken de Tempel (Tsjaerddyk 47).

 

Theunis Smeding en Aaltje Couperus komme dêrnei yn’e wenning. Aaltje is de dochter fan Epeus Couperus, winkelman op Tsjaerddyk 38.

 

Zytse Asses Vierstra is de earste bewenner fan de starterswenning. Hy is frijfeint en wurket by de boer. Yn 1851 trout hy mei Johanna Haitsma. Yn 1857 ferhúzje Zytse en Johanna mei de bern nei Easthim.

 

De neikommende bewenners binne Pieter Gerrits Oppenhuizen en Trijntje Klazes Breeuwsma, dochter fan Klaas Feddes Breeuwsma, boer yn Folsgeare (no Wallemadyk). Hja binne yn 1857 troud en dit is harren earste wenning. Yn 1859 ferhúzje se nei Wolsum.

 

Wytse Jelles de Boer en Janke Bergsma komme no yn’e wenning. Op 16 maaie 1862 ferstjert Wytse Jelles, Janke kriget tsien dagen letter in dochterke. Janke ferhuzet mei har berntsje nei Easthim.

 

Dêrnei wennet Jouke Osinga foar de tiid fan in jier yn’e wenning.

 

Janke is yn 1864 op’en nij trouwd met Folkert Jonkmans en tegearre mei Folkert komt se werom nei de wenning oan’e Tsjaerddyk. Mei 3 bern ferhuzet it pear yn 1873 nei Harns.

 

Andries Smeding en Grietje van der Zee wenje nei harren houlik yn 1873 yn’e wenning.  It pân wurdt yn 1875 troch Epeus Couperus te keap setten.

Andries Smeding wennet op dat stuit yn’e starterswenning, syn broer Theunis yn de iengesinswenning. It pân wurdt kocht troch Douwe Feenstra.

 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)