Tsjaerddyk begjin 1900
In kuier oer de Tsjaerddyk begjin 1900 fan nûmer 48 ôf nei 26 oan’e súdkant en fia de noardkant wer werom.
Op de begjinfoto stiet links de wenning fan it haad fan’e skoalle en rjochts de skoalle nei de ferbouwing yn 1908.
Op’e eftergrûn in pleatske, no Easthimmerwei 1, dat boud is op’e krusing fan’e Tsjaerddyk, Suderbuursterleane, Kerkwech en de Bredeleane (Skeender) dêr’t Douwe Eppinga en Tjitske van der Wal mei harren bern Marten en Trijntje yn 1904 te wenjen kaam binne.
As hja om 1910 hinne ta it rút út sjogge, ha se rom sicht op’e Tsjaerddyk. De Suderbuursterleane is noch in net ferhurde rinpaad (Easthimmerwei) dat ophâldt by it brechje oer de Folsgaaster opfeart. Harren soan Marten sil letter timmerman wurde yn it doarp.
Sjend yn’e rjochting fan’e Tsjaerddyk leit links earst de afgroeven terp ‘it tsjerke pôltsje’ dêr’t de pastorij stie dy’t yn 1701 ôfbrutsen is. ( finster: De pastorij fan Folsgeare) It stikje grûn is eigendom fan’e tsjerke en wurdt ferhierd oan Yde van de Lageweg mei de bepaling dat der gjin bargen holden wurde meie.
Yn it earste hûs oan’e linkerkant wenje Ruurd Rientses Abma en Johantje Martens Visser mei harren bern. Lucas Elzinga hat dit hûs om 1878 hinne bouwe litten. Ruurd Rientses ferkeapet manufaktueren mar hat net in winkel. Hy giet mei in rêchsek fol mei lapen stof by de doarren del.
Hjirnêst stiet de skoalle mei de bibel, boud yn 1886. ( finster: Twadde skoallegebou fan Folsgeare) Master van der Brug is yn 1904 oan skoalle kaam en makket de ferbouwing yn 1908 mei. Der komt in twadde lokaal, dat der moat ek in twadde learkrêft komme. Dit wurdt juffer Elisabeth van der Molen.
© Tekst: Wytske Heida - © Foto voorblad: archief db Folsgare
It tsjerkepôltsje
Disclaimer
Tsjaerddyk 26
Disclaimer
Skuorre by Tsjaerddyk 26
Disclaimer
tsjerkehûs noard
Disclaimer
tsjerkehûs noard
Disclaimer
Hûs tusken Tempel en tsjerkehûs noard
Disclaimer
Tsjaerddyk 47
Disclaimer
De jister by de pastorijpleats
Disclaimer
masterhûs
Disclaimer
Tsjaerddyk 30, bakkerij
Disclaimer
Tsjaerddyk 32
Disclaimer
Tsjaerddyk 48
Disclaimer
Skoalle nei de ferbouwing fan 1908
Disclaimer
Tsjaerddyk 42
Disclaimer
Tsjaerddyk 40
Disclaimer
Tsjaerddyk 38
Disclaimer
Tsjerkehûs súd
Disclaimer
Tsjaerddyk 36 en 34
Disclaimer
Laurentius tsjerke
Disclaimer