Aanleg Folsgeasterleane

Fanút Folsgeare rûn in iuwenâld rinpaad fia Bons nei de Himdyk wêrfan’t it earste stik dat by it doarp hearde oant krekt foarby Carpe Diem, yn 1511 de Kerkwech neamd wurdt. Oan de Kerkwech stiene doe seis buorkerijen, wêrfan’t der hjoed de dei noch ien oer is. Trije binne troch brân ferlern gien (Strûpenkeal, Folsgearsterleane 2, Breeuwsmapleats) en twa binne ôfbrutsen ( Folsgeasterleane 15 en in buorkerij dy’t tichtby Folsgeasterleane 2 stien hat). It rinteniershûs, dat letter boud is by de buorkerij fan’e earste Abma’s (Folsgeasterleane 2), is ek ferdwûn.

De namme Kerkwech ferdwynt en de dyk wurdt de Leane neamd, oan’t dy offisjeel de namme Folsgeasterleane kriget. It is de koartste rûte nei Snits foar de boerefamyljes dy’t dêr wenje. Foar de ynwenners fan it doarp wie dit net de bêste, mar wol de koartste rûte nei Snits. Fanút Folsgeare is de rûte oant Carpe Diem noch deselde, mar der wie doe in set oer de opfeart nei de buorkerijen dy’t by Ysbrechtum hearden. Dêrnei rûnst lâns de mole yn’e rjochting fan Bons om op de Himdyk út te kommen. Dan gongst linksôf nei Snits.


Op’e kaart fan Eekhoff út 1850 is it rinpaad noch goed te sjen. De buorkerij op Strûpenkeal lei it fierste fan it doarp ôf. It rinpaad fan de terp ôf rûn net, sa as no wol it gefal is, lâns Carpe Diem, mar lâns de yn 1990 ôfbrande buorkerij fan Pieter Lycklama à Nijeholt ( Folsgeasterleane 2)


Foar de bewenners fan’e Leane wie it bytiden in hiele toer om mei drûge fuotten yn it doarp te kommen. Yn’e wiete tiid is in net ferhurde paad min te berinnen en hielendal yn’e tsjustere jûnsûren. Mei ljochtmoanne koene je noch in bytsje sjen wer’t je rûnen, mei nijmoanne seagen je net in hân foar eagen.



As yn 1974 de nijbou oan’e Leane útein set mei in dûbele wente, wurdt de offisjele namme Folsgeasterleane en krije de buorkerijen de nûmers 2, 4 en 15. It rinteniershûs, letter arbeiderswente by de buorkerij fan Jongsma ( letter Pieter Lycklama à Nijeholt), is ûnderwilens in opslachromte wurden en kriget gjin nûmer mear. De buorkerij op’e terp Strûpenkeal is yn 1973 ôfbrândt en kriget ek gjin nûmer.


De bou aktiviteiten geane troch en nêst de dûbele wente komt in frijsteand hûs.(1976/1977)


De Folsgeasterleane bûten it doarp: It paadsje rjochting de eardere buorkerij fan Abma (Folsgeasterleane 15) waard ek wol it “Reade Leantsje” neamd fanwege it feit dat it ferhurde waard mei reade dakpannen. It lêste stik rjochting Carpe Diem hat befluorre west mei gieltsjes, wêrmei de buorkerij syn foarnamens útstriele. Yn’e jierren tachtich is it iepenbiere part in betonpaad wurden. It stik nei de buorkerij fan Abma is op eigen fersyk fan’e bewenners oanlein.


Yn 1988 wurdt der oan’e Folsgeasterleane in nij doarpshûs boud dat it nûmer Folsgeasterleane 2a kriget.


As de Folsgeasterleane fol is, giet de útwreiding fan it doarp troch mei de oanlis fan it Ekersein.

Tekst: Atse Bruin

Bewurking en oersetting: Wytske Heida

Foto's: Atse Bruin, archyf Wymbritseradiel

Zie voor meer informatie:


Colofon

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: Wymbritseradiel
© Slideshow foto 0:
© Slideshow foto 1:
© Slideshow foto 2:
© Slideshow foto 3:
© Slideshow foto 4:
© Slideshow foto 5:
© Slideshow foto 6:
© Slideshow foto 7:
© Slideshow foto 8:

Opmerkingenvenster

Aanleg Folsgeasterleane