Deel:


Anne Jousma, Frysk skriuwer, 1900-1981

Anne Jousma, Frysk skriuwer 1900-1981

It hat him syn hiele libben dwers sitten, dat hy ‘geboren in Groningen’, opskriuwe moast by it ynfuljen fan papieren. In echte Fries hat er him altiten field, ek al wenne hy it grutste part fan syn libben yn Hollân. Syn âldelju wiene fan Easternijtsjerk nei Grins ferhuze om’t der yn it âlde doarp gjin wurk mear wie en heit timmerman Jan Jousma yn Grins wurkje koe by de bou fan in sikehûs yn de nije wyk Helpman. Jousma hat der sels in fers oer skreaun:

Fries. . . of net?

Jo binne grif in Fries, in echten ien?

En mei ik freegje hwer’t jo berne binne?

Dêr ha jy’t wer, ik kin der net omhinne:

dat wie to Grins, dêr hat myn widze stien.

...

Dy’t my net kenne, hawwe ’t nea rjucht witten:

In Grinzer of in Fries, hoe sit dat nou?

Dêr dan: in Fries, sa frysk as it mar koe.

Nei in heal jier kamen Jan en Geartsje Jousma mei de lytse Anne wer werom nei Easternijtsjerk, nei it selde hûs noch wol. Hja kamen by beppe Janke yn hûs te wenjen op ‘e hoeke Grienewei-Ald Tún. Dat hûs is yn 1933 ôfbrutsen en opnij wer opboud, mar der is noch in âlde foto fan, in foto dy’t op it omslach fan ‘Dêr’t de woartels lizze’ ôfprinte is. Ek oer dat âlde hûs hat hy in gedicht skreaun:

Ald hûs

O, smûk âld hûs, dat ‘k op dy foto foun...

’t Stie yn in oare wrâld, fierôf fan dizze.

En dy’t der mei my wenne hawwe, lizze

al jierren yn de klamme tsjerkhôfsgroun.

Ien esk en fjouwer wylgen stiene foar,

in hagedoarn yn’t west oan de hússide

en oan de noardkant gie’t alhiel forside

efter de flearebeam by d’efterdoar.

Jousma bleau iennichst bern en gie mear mei folwoeksenen om as mei oare bern dat doe’t er op skoalle kaam, hie er frijwol gjin freonen en waard er gauris pest. De oare bern neamden him ‘professor’ om’t er sa goed leare koe. Yn it boek ‘Wibe professor’ hat er letter dy muoilike tiid op skoalle fan him ôfskreaun. Hy hat fan 6 oant 15 jier op de legere skoalle yn Easternijtsjerk sitten. Master Reiding seach wol wat yn him en hat him taret op it talittingseksamen foar de Rykskweekskoalle yn Grins. Ek dêr hat Jousma it earst muoilik hân, mar hy slagge op syn 19de jier fuort foar syn eksamen en krige in baantsje as ‘volontair’ yn Mitselwier: soks betsjutte as frijwilliger sûnder lean yn de praktyk oan it wurk.

Syn earste betelle baan krige hy yn buorskip De Valk by Lunteren. Dêrnei folge in baantsje yn Aldtsjerk, dêr’t hy syn frou Aukje Mook moetet en yn 1923 trout, wylst er yn 1926 haad fan it lytse skoaltsje oan de Ald Dyk ûnder Sint Jabik wurdt. Hy studearret troch en behellet trije akten, Dútsk, Frânsk en Ingelsk. Dêrtroch kin hy ek sollisitearje nei in baantsje yn it ferfolchûnderwiis en sa komt er yn 1929 op de Mulo yn De Haach telâne. Hy wurket yn De Haach oan twa ferskillende skoallen en hat ek fan twa ferskillende skoallen direkteur west. Hy gie yn 1965 mei pensjoen.

Jousma hat syn hiele libben gedichten skreaun dy’t hy yn njoggen dichtbundels publisearre. Nei syn ferstjerren is noch de bundel ‘Samle Fersen’ útjûn en dêr steane op 200 blesiden samar 400 gedichten yn. Hy skriuwt sels oer dat dichtsjen:

Hwerom’t ik fersen skriuw? Ik soe’t net witte!

Ik haw it altyd dien, ik kin’t net litte.

Faeks hat it út noch yn gjin sin of doel;

mar ’t moat! Ik kin’t ienfâldich net forjitte.

As hy yn 1919 wer yn Nijtsjerk wennet, bringt syn freon Jaap Hartmans, sels ek skriuwer, him yn ‘e kunde mei it nije tydskrift ‘Frisia’, it blêd fan in nije feriening ‘De Jongfryske Mienskip’. Jousma wurdt lid en stjoert gedichten op dy’t pleatst wurde yn ‘Frisia’. Yn 1922 kriget hy in sit yn de redaksje fan it blêd, nêst de grutte lieder Douwe Kalma. Nei in rûzje oer de kêsten wurdt Jousma lykwols út de redaksje set en publisearret hy jierrenlang net yn Frisia. Pas yn 1953 komme syn gedichten wer yn ‘Lyts Frisia’ en fan 1967 oant syn dea yn 1981 is hy redakteur fan dit blêd. Yn 1965 neamt hy de ûnderwerpen fan syn gedichten ‘mythysk, romantysk en nasjonalistysk’. Dêr kin oan teheakke wurde ‘religieus’ want mei it leauwe hat er syn hiele libben omtangele, lykwols de âlde tsjerke hat er nea ferlitten.

Yn 1928, as hy haad fan de skoalle op Ald Dyk is, ferskynt syn earste boek ‘Hans en syn maten’. Dêrnei hat hy it blykber te drok want pas yn 1940 publisearret hy syn earste dichtbundel en nei syn pensjoen begjint er wer proaze te skriuwen. Jousma skriuwt yn syn boeken gauris oer syn jeugd yn Easternijtsjerk, oer de famylje, it doarp, de tsjerke, oer libben en dea.

As men syn earste ferhaal ‘Mearke fan de see’ út 1920 lêst, is it krekt as spilet it ferhaal by de seedyk fan Nes. It boek ‘Hans en syn maten’ út 1928 is maklik te pleatsen yn Easternijtsjerk en bepaalde persoanen lykje werom te kommen yn syn oare boeken. De persoanen yn ‘Dûmny’s twilling’ boartsje fansels yn de tún fan de pastory yn De Buorren en de tsjerke is dúdlik de Sint Cecilia.

In oar aspekt fan syn boeken is it autobiografyske karakter; men herkent yn de persoanen yn it boek Anne Jousma sels en de minsken om him hinne: ‘Faes efter glês’ giet oer direkteur Wybe Wiarda fan in Mulo-skoalle, yn ‘Wibe professor’ komt Wybe Wiarda (= Anne Jousma) wer werom. Oer syn famylje skriuwt er yn ‘De pleats oan de feart’ en it Easternijtsjerk fan syn jeugd kriget de haadrol yn ‘Dêr’t de woartels lizze’.

Jousma hat yn syn libben in soad krityk hân yn resinsjes fan syn boeken. Dat hat faaks te krijen mei syn âlderwetske styl, hy hâlde fêst oan de idealen fan de Jongfriezen, ja de nije stavering yn 1980 woed er perfoarst net oan. Foarbyldsjes? Der sit gjin tempo yn, âlderwetsk, de komposysje is slim fragmentarysk – Wol goed bedoeld, mar net sa goed beteard – De meagere kant it neist –En oer syn lêste boek: ‘In ôffaller as útsetter!’

Dochs hat Jousma in oantal prizen wûn foar syn wurk: acht kear in Rely Jorritsmapriis en trije kear in KFFB – Romanpriisfraach. Hy seit sels fan syn wurk: ‘Hat ús wurk bedoeling? ...Foar my is it wichtichste: Hwer kom ik wei? Hwer bin ik hjir? Hwer geane wy hinne? En dat it dan wolris by ‘stammerjen’ bliuwt, hwat sil men dêroan dwaan?

Yn De Haach hat er ek in oantal toanielstikken skreaun yn it ABN en in tsjok boek: ‘Toetanchamon, roman van een farao’. Hy waard yn 1980 ‘ridder yn de oarder fan Oranje Nassau’ en leit op it tsjerkhôf yn Nijtsjerk begroeven.

Tekst: Reinder Tolsma


© Tekst: Reinder Tolsma - © Foto voorblad: Reinder Tolsma

Anne Jousma, Frysk skriuwer, 1900-1981
©: Reinder Tolsma
Anne Jousma, Frysk skriuwer, 1900-1981
De jonge Anne Jousma (©: )
Anne Jousma, Frysk skriuwer, 1900-1981
Woonhuis Jousma's (©: )
Anne Jousma, Frysk skriuwer, 1900-1981
Grafsteen kerkhof Oosternijkerk (©: RT)