De kruidenier op Tsjaerddyk 36

Op’e sydkant fan‘e gevel, boppe it winkelrút, hingje twa boerden dêr’t reklame op makke wurdt foar “Van Nelle Koffie en Thee” Dêr ûnder steane Anne Sjirks en syn soantsje Sjirk Annes. Boppesteande tekst is de taljochting op de foto links

Yn 1841 bout timmerman Johannes Paulus Spiering yn Folsgeare tsjin it tsjerkhûs oer in winkel mei dêr efter in wenning.. Hy hat it perseel kocht fan Roel Uiltjes dy’t dernêst wennet en hopet letter in keaper foar it pân te finen. As it pân klear is, hiere Kornelis Sjerps Piersma en syn frou Hjebbeltje Sjoerds Sjaarda de winkel. Kornelis wurket as arbeider en syn frou Hjebbeltje docht de winkel en de húshâlding.


Kornelis en Hjebbeltje hawwe de saken goed foar inoar en keapje yn 1843 de saak fan Johannes Spiering. De winkel rint goed, sadat Kornelis ophâldt mei syn wurk by de boer en himsels hielendal op’e winkel rjochtet. Yn 1853 ferstjert Hjebbeltje (dy’t yn it doarp Habeltje neamd wurdt). Kornelis is syn stipe en taflecht kwyt en kin de húshâlding en de winkel net allinnne behappe.Yn 1856 set hy de winkel te keap en ferhuzet yn 1858 nei Easthim. Hy ferhuzet yn 1872 wer nei Folsgeare en stjert dêr op 80-jierrige leeftyd (1880)

Sjirk Annes Cnossen en Eelkjen Johannes Grijpsma komme nei harren houlik yn 1856 nei Folsgeare dêr‘t se de winkel fan Kornelis Piersma oernimme. Trijntje, de âldste dochter fan Sjirk Annes (berne yn 1859) giet yn 1874 nei Abbegea, dêr’t se tsjinstfaam wurdt. Yn 1880 komt se swier wer thús en jout it libben oan soan Sjirk. Wa’t de heit is, bliuwt ûnbekend en har mem Eelkjen rekket hjirtroch sa fan’t sintrum dat se yn Frjentsjer opnommen wurde moat. Bernsbern Sjirk stjert 6 novimber 1880, trije moanne âld en 26 november ferstjert Eelkjen yn Frjentsjer. De húshâlding Cnossen hat in drege tiid efter de rêch, mar mei stipe fan’e lytse mienskip fan Folsgeare komt it libben wer op ‘e gleed. Grietje, de jongste dochter (berne 1865), soarget foar har heit en har jongste broerke Anne Sjirks ( berne 1869). Dizze Anne Sjirks trout yn 1895 mei Antje of Anna Annes de Jong út Ysbrechtum. Hy is dan keapman en winkelfeint by syn heit.


Yn 1899 komt der in lytse Sjirk Annes en in jier letter stjert Sjirk Annes sr., hast 79 jier âld. Anne Sjirks nimt no de winkel fan syn heit oer.

De winkel fan Anne Sjirks driuwt op’e doarpsbewenners en de boeren bûten it doarp. It is de gewoante om de boadskippen bûten it doarp te besoargjen. Hy giet, lyk as syn heit, op moandei by de boerinnen del om te freegjen wat se nedich ha. Op tiisdei wurde de hûnen, 2 somtiden 3, foar de karre setten en set hy ôf nei Snits om de bestellingen op te heljen. Yn’e stêd Snits jildt in ferbod foar hûnen dat dy lit hy stean by hotel Hanenburg. As hy wer thús is, wurde de boadskippen útsocht en op woansdei mei in lytse karre by de boeren yn’e omjowing besoarge. De neibestellingen hellet hy op freed út Snits en besoarget dy op’e neimiddei of op sneon. It bringen fan’e boadskippen nei de buorkerijen yn’e omjowing wie noch in hiele put wurk oer de net ferhurde rinpaden en it koste in soad tiid en enerzy.



Sjirk Annes trout yn 1925 mei Trijntje van der Meer en hat gjin belangstelling foar de winkel fan syn heit. Op 16 april 1942 ferhúzje Anne Sjirks en Anna Annes nei Snits dêr’t Anne Sjirks op 5 desimber fan dat jier op 73-jierrige leeftyd stjert. Nei it ferstjerren fan Anne giet Anna nei har dochter Gerbrig yn it Heidenskip, dêr’t se yn 1945 stjert.

De winkel wurdt ferkocht oan Dirk de Boer dy’t der mei syn frou en soan wennet oant 1955 en dy’t dan nei Skylge ferhuzet.

De nije eigner is Theunis de Bruin dy’t der mei frou en dochter wennet oant 1965.



Dêrnei is it pân gjin winkel mear en wurdt it in trochgongshûs foar in soad minsken dy’t der mar koart wenje. Ien fan harren is Dieuwke Wiersma, de jongste dochter fan timmerman Jelle Wiersma dy’t der tsjinoer wennet op Tsjaerddyk 41. Dieuwke wennet der fan maaie 1988 oant novimber 1989.


In 2004 wurdt it puntdak fan it hûs sloopt en ferfongen troch in dak mei in rommere souder.

Yn ien fan de âldste huzen oan’e Tsjaerddyk mei it nije dak, sûnder de reklameboerden fan Anne Sjirks foar “Van Nelle Koffie en Thee” en sûnder it winkelrút, wennet no Wytske Heida.

Tekst: A.Bruin Bewurking en oersetting: Wytske Heida

Zie voor meer informatie:


Colofon

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: bd folsgare
© Slideshow foto 0:
© Slideshow foto 1:
© Slideshow foto 2:
© Slideshow foto 3:
© Slideshow foto 4:
© Slideshow foto 5:
© Slideshow foto 6:
© Slideshow foto 7:
© Slideshow foto 8:

Opmerkingenvenster

De kruidenier op Tsjaerddyk 36