De terp Strûpenkeal


Oan in dearinnend kuierpaad, ferskûle efter it doarp Folsgeare oan de Ald Rien ( ek wol Grote Rijn ) leit in goed 3 meter hege terp. Hjir stie oant 1973 in ymposante pleats, dy’t troch hea broei ferlern gien is en nea wer opbouwd waard. De terp hie in oerflakte fan goed 7  pûnsmiet oant dizze om 1920 hinne foar in part ôfgroeven is.



Alderdom:

Foardat de terp oanlein waard, wie der al bewenning op dit plak. Tusken fynsten yn de soal fan de terp kamen skerven út de lette izertiid / begjin romeinske tiid foar it ljocht, tegearre mei inkele tsientallen brokken rau-izer dat wolf neamd wurdt. Dizze wolf is produsearre yn  leechûnen dy’t folle waarden mei izeroer dat ryklik foarhannen wie yn en lâns de Ald Rien. Foar de minsken dy’t harren hjir goed twa ieuwen foar it begjin fan de jiertelling nei wenjen setten, sil de oanwêzigens fan in hiele soad izeroer in beskiedende faktor west ha. Oant no ta binne der om Strûpenkeal hinne meardere feanterpen fûn, wat oantsjut dat it in, foar dat tiidrek, tichtbefolke gebiet west hat.  




 


Bewenners:

De earste bewenner fan Strûpenkeal dêr’t wy wat fan witte, is Buwa Peekaz dy’t dêr yn 1511 meijer is. Eigners binne Lubbert Peters en syn suster Naenka út Snits. It lân leit leech en bestiet út Haenland, Saedland, Hoijland, Rijedland, in wijer en de terp. De lêste bewenners dy’t der wenje, binne Boukje van der Velde, dy’t de pleats oernimt en yn 1962 boasket mei Pieter Lycklama à Nijeholt. Harren âldste dochter Wietske fertelt yn de Subjektive Atlas fan Fryslân oer Strûpenkeal. Hja wurdt grut op Strûpenkeal en as se seis jier âld is, moat se nei de legere skoalle yn Folsgeare ta. Hja wurdt der mei de trekker hinne brocht. Sa stiet de dan foar de alder earste kear yn har libben op it skoalplein, ynsletten troch wenningen en minsken. It wrydske lânskip dêr ‘t se oan wend wie, is ferdwûn.



Yn’e simmer fan 1973, as de heafekken yn ‘e skuorre fol binne,  wurdt hja midden yn’e nacht wekker makke. It begûn te rikjen yn it middenfek en se moat mei helpe om it smeuljende hea út’e skuorre te heljen. As hja lettter wer op bêd leit, skrillet hja wekker fan it helske ljocht foar har dakrút. Yn panyk draaft se by in brânende treppen del nei bûten ta. It is 31 july 1973 en dizze brân betsjut de ein fan bewenning op Stûpenkeal. De pleats wie net fersekere en wurdt net wer opbouwd. 




 

Leginde

Yn it Cnossen famylje boek stiet in âlde foto fan Strûpenkeal dêr’t in leginde by stiet oer bern dy’t nuveraardige lûden hearden op it dak.


Net ien leaude dit. Nei’t der nije pannen op it dak kaam wiene, hearden se noch altyd de lûden. Nei’t in bern yn de widze siik waard, is in duvelbanner rieplachte, mar dy koe gjin help jaan.  It bern stoar, de spoekferhalen bestiene noch lang.


De Ljouwerter Krante hat yn 2007/ 2008 in oprop dien oan de lêzers om in ferklearring te jaan foar de namme fan de terp “Strûpenkeal”.  Der wurde in soad ferklearringen opstjoerd en ien dêrfan is fan Feike van der Velde út Folsgeare dy’t syn bernejierren dêr belibbe hat. Neffens him hat it te dwaan mei it yllegale slachtsjen. Dit ferhaal wurdt stipe troch in artikel dat yn April 1918 yn de Ljouwerter stiet mei de kop:                   


It gegriem op het plattelân:

Nei oanlieding fan it berjocht oer it frauduleus slachtsjen fan in keal troch de bouboer H yn Folsgeare wurdt ús troch it foechhawwend gesach meidield dat it bedoelde berjocht tige oerdreaun is en net kloppet. De bouboer hat gjin proses krigen mar syn oertreding mear as goed makke troch it keal oan de earmen yn syn doarp te skinken, dêr’t de saak mei útiten is.


Om’t der in soad ferklearringen troch de lêzers oandroegen wurde, sil it altyd wol in riedsel bliuwe hoe’t de terp oan syn namme kaam is. Mar dat it in besûndere namme is, dat is wol dúdlik. 

Earst nei de oanlis fan’e súdlike rûnwei A7/N7 om Snits hinne, waard de terp goed sichtber yn it wrydske lânskip. Fan it fiadukt ôf by ôfslach 20 nei de Hemmen II ta, is de terp, mei beammen der om hinne, no prachtich te sjen. De kronkeljende sleatten litte it âlde lânskip noch sjen sa’t it ieuwen lyn troch it waadlânskip foarme is. 


It seewetter hat in kostbere stof yn ‘e foarm fan sâlt efterlitten yn’e feanboaiem. It winnen fan it sâlt út dit gebiet, “zelnering” neamd, is ek foarfallen om de terp hinne.



De takomst:



 De gemeenterie fan SWF hat yn 2019 ynstimd mei it oanlizzen fan de Hemmen III. It wrydske lânskip sil foar in part ferdwine en plak meitsje foar bedriuwsgebouwen dy’t de terp Strûpenkeal út it sicht ferdwine litte sille. De bedriuwspânen sille de nije sichtlokaasjes wurde, wurkgelegenheid is it toverwurd dêr’t dit prachtige gebiet foar in part foar opoffere wurdt.

Zie voor meer informatie:


Colofon

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: archief db folsgeare

Opmerkingenvenster

De terp Strûpenkeal

Kaart