Folsgeasterleane 2

Op 25 desimber 1778 wurdt yn Hidaard Ruurd Freerks berne, it njoggende bern fan Freerk Murks Abma en Gerritje Roelofs. Ruurd Freerks leart ûnder it tasjend each fan syn âldere broers en susters it boerebedriuw thús op de buorkerij. Hy ûntwille;et him ta in goede boer en hat each foar de mienskip. Om’t hy it njoggende bern is, it de kâns tige lyts dat hy boer wurde sil op’e âlderlike buorkerij.

Lykwols, Ruurd Freerks leart Hiltje Klazes Wiersma. ( berne 26 febrewaris 1781) út Folsgeare kennen. Har âlden Claes Harmens en Baukje Teades wenje op in buorkerij oan’e Folsgeasterleane nû 2, te sjen op’e kaart fan Eekhoff (1850) It is in beskieden buorkerij mei 35 pûnsmiet lân der om hinne. Oer de opfeart fanôf de Ald Rien is de buorkerij goed berikber oer it wetter. Claes Harmens en Baukje Teades binne der tige mei ynnommen dat harren iennige dochter thús komt mei boeresoan Ruurd Freeks. It stel trout op 25 oktober 1801.

Nei de berte fan trije bern, sjocht Ruurd Freerks ris om him hinne. As de bern grut binne, is de buorkerij te lyts om se in takomst jaan te kinnen. Syn buorman Douwe Harmens buorket op in buorkerij (Strûpenkeal) besuden Ruurd Freerks. Dizze is ek 35 pûnsmiet grut en de buorkerij leit prachtich op in grutte terp tsjin de Ald Rien oan. De buorkerij komt yn’e ferkeap om’t ien fan’e eigners stoarn is. Ruurd Freeks en Hiltje beslute om de buorkerij te keapjen. Douwe Harmens wennet dêr foarearst oant de bern fan Ruurd Freerks en Hiltje grut binne. De húshâlding wurdt útwreide mei noch twa bern.Yn’e jierren dêrnei wurde der noch trije bern berne. Aldste dochter Gerritje Ruurds trout yn 1820. Ruurd en Hiltje krije dêrnei noch twa bern.

Berend Hendriks Schuurmans, is de buorman fan Ruurd Freerks Abma op de buorkerij (Carpe Diem) eastlik fan dy fan de Abma’s. It is in moaie buorkerij, 45 pûnsmiet grut en like goed berikber oer lân as oer wetter. Op 1 jannewaris 1827 ferstjert Berend Hendriks. Ruurd Freerks wol syn bern nêst him en hy oerleit mei syn frou Hiltje Klazes. Se wifelet tige, mar Ruurd Freerks set troch en keapet de buorkerij van’e erven fan Berend Hendriks. Hjirtroch wurdt Ruurd Freerks fan in lytse boer yn 1801, de grutste boer yn Folsgeare yn 1827. Syn status wint evenredich oan en syn wurden binne fan in grutter belang. It komt hurd oan as dochter Aukjen Ruurds yn 1830 op 7 jierrige leeftyd stjert. Ruurd Freerks en Hiltje Klazes ferlieze harren twadde bern op jonge leeftyd.

Ruurd Freerks is al mei al dochs in lokkich man, mar in needlot slacht ûnferwachts ta. Op 16 Maart 1833 komt Ruurd Freerks Abma hommels te ferstjerren, noch mar 54 jier âld. Hy lit in grutte leechte efter. Net allinne thús, mar ek yn it doarp en as tsjerkfâd.

Nei de begraffenis nimt Hiltje Klazes de leie strak yn hannen. Se hat noch in soad fertriet, mar de bern en it bedriuw ha har nedich.

Soan Klaas Ruurds Abma trout op 27 April 1835 en wurdt boer yn Tsjalhuzum. Yn 1839 trout Freerk Ruurds Abma mei Tjitske Johans Cnossen en hja wurde boer op Strûpenkeal. De dream fan Ruurd Freeks begjint út te kommen. Syn bern nêst him as boer op harren eigen buorkerij. Baukjen Ruurds Abma trout dêrnei mei Sijmen Sipkes Kooistra. Hiltje Klazes set it pear op de buorkerij nêst har, op Carpe Diem. Sa wurde de trije Abma pleatsen bewenne troch har en har bern. Soan Teade Ruurds is al op jonge leeftyd in grutte stipe foar Hiltje Klazes. Hy trout mei Minke Jelles Bouma op 7 Maaie 1848. Alhoewol’t se beide noch tige jong binne, wurde se dochs boer en boerinne op de buorkerij. Hiltje Klazes lit op it hiem in hûs bouwe om dêr te rintenierjen. Sa kin se it jonge pear sa no en dan advys jaan. In jier letter wurdt beppesizzer Eelkjen Teades Abma berne. Hiltje is tankber dat se sa ticht by de bern wennet. Rients Ruurds trout yn 1850 as lêste fan’e bern en wurdt túnman yn Hichtum.

Hiltje Klazes Wiersma wennet as rintenierske yn it hûs op it hierm by Teade Ruurds en Minke Jelles en harren bern oant se komt te ferstjerren.


Ut de Ljouwerter Krante fan 10 jannewaris 1865:

“Het behaagde den Heere voor de eeuwigheid op te roepen onze veel beminde en waarde Moeder HILTJE KLAZES WIERSMA, Wed. wl Ruurd Freerks Abma, in leven renteniersche te Folsgare. Zij overleed zeer zacht heden nademiddag omstreeks ten 4 ure, ten gevolge van eener ongesteldheid van ruim 14 dagen, in den hoogen ouderdom van bijna 84 jaren

Folsgare Den 4 januarij 1865

KLAAS R. Abma. Uit aller naam”

Teade Ruurds wennet earst noch in skoft op ‘e buorkerij, mar fanôf 1865 buorket hy op Carpe Diem (Folsgeasterleane 4) nei in boelskieding as gefolch fan it ferstjerren fan Symen Sipkes en Sytske Postma. (sjoch finster Carpe Diem). Syn broer Klaas Ruurds komt dan op de âlderlike buorkerij Folsgeasterleane 2. Neef Ruurd Freerks ( soan van ‘e oare broer Freerk Ruurds) wurdt dêr boerefeint. Hy wennet mei syn frou Fokeltje van der Velde yn it eardere rinteniershûs fan syn beppe Hiltje Klazes. Fokeltje is in dochter fan Watte Pieters van der Velde en Johanneske Aukes Douma.

Fan syn suster Fokeltje fernimt Pieter Wattes ( yn 1864 troud mei Trijntje Tjitzes Bouma) dat Klaas Ruurds Abma de buorkerij ferkeapje wol om’t hy it rêstiger oan dwaan wol. Hy beslút in bod te dwaan en wurdt sa yn 1870 de nije eigner fan de buorkerij.

Op 23 maaie 1872 ferstjert Pieter Wattes. Syn frou bliuw efter mei 6 jonge bern en sjocht it net sitten om as widdofrou de buorkerij draaiende te hâlden. Se set dêrom ein maaie 1872 in adfertinsje yn de Ljouwerter Krante:

Nog te Huur voor vijf jaren om dadelijk te aanvaarden : ZATHE en LANDEN onder Folsgare bewoond door de Weduwe Pieter Wattes van der Velde groot 18-37-18 (circa 50 p/m)

Taede Huitema en Aaltje Brouwer reagearje hjirop. Nei 5 jier ferlingje se yn 1877 harren kontrakt net. Marten Hylkema en Riemke Bouma út Nijlân komme dan op de buorkerij. Se krije help fan harren boerefeint Hendrik Sweering. Op 1 oktober 1878 ferstjert Marten Hylkema. Yn novimber fan dat selde jier wurdt der boelguod holden en Jacob van der Sluis en Wytske Sinnema út Heech wurde de nije bewenners. Hja kinne de famylje goed. Harren soan Arjen is troud mei Bregtje Wattes van der Velde, in suster fan Pieter en Fokeltje Wattes. Se wenje op de buorkerij oant 1884. Dêrnei binne Johannes Plantinga en Hipkje Wiersma mei harren 3 bern de hierders oant 1889. Johannes syn broer Fokke Jans Plantinga en Leentje Klazes Beswerda út Wommels (mei 4 bern en harren fêste arbeider) binne oanslutend de nije bewenners fan de buorkerij. Yn 1909 is harren hierkontrakt ôfrûn en wurdt der boelguod holden.

Sûnt 1870 hat der mar koart in van der Velde op de buorkerij wenne. Yn 1909 feroaret dit as Jouke Sybrens van der Velde dêr boer wurdt. Hy is troud mei Trijntje Pieters van der Velde, de âldste dochter fan Pieter Wattes van der Velde. Jouke van der Velde ferhuzet nei de buorkerij op It Werp, wêrnei’t syn dochter Willemke mei Rintje Landman op de buorkerij komt. De van der Velde buorkerij bliuwt yn’e famylje oant dizze yn 1923 troch de erven van der Velde ferkocht wurdt oan Hendrik Jongsma.

Hendrik Jongsma is troud mei Jantje Huisman en se komme mei harren trije bern fan’e Sweach. Foardat se harren delhúzje op ‘e buorkerij, wurdt dizze earst hielendal ferboud. It foarein mei de molkkelder stiet op it suden en dat is net in ideaal plak foar in molkkelder. Hendrik draait de boel om, sadat it foarein op it noarden komt te stean. Se wenje ûnder de ferbouwing yn it âlde rinteniershûs fan Hiltje Klazes Wiersma.


Neidat de ferbouwing fan de buorkerij klear is, wurdt it âlde rinteniershûs yn 1924 ferboud ta wurkpleats. Hendrik Jongsma draagt yn 1957 de skepter oer oan syn soan Abele Jongsma. .

dbfolsgeare_15791328002914118.jpg “Het Friese gehucht Folsgare telt rond zijn kerkje meer grafzerken dan woningen, het aantal doden overtreft dat der levenden aanzienlijk”. Sa begjint it artikel yn it deiblêd De Tijd-Maasbode oer Abele Jongsma, dy’t lanlike bekendheid as foarsitter fan it doarpsbelang kriget by it realisearjen fan trije nije wenningen (Easthimmerwei 2,4 en 6) yn it doarp. De (hast) fergese grûn foar de wenningen, beskikber steld troch de tsjerke om nijbou fan’e grûn te krijen. is oanlieding fan it artikel.

Abele ferkeapet de buorkerij yn 1971 oan de fam. van der Weerd út Amsterdam. Lykwols, dy húshâlding hat it hjir net nei it sin.

Wannear’t de buorkerij fan Pieter Lycklama à Nijeholt en Baukje van der Velde op Strûpenkeal yn 1973 ôfbrânt, ferkeapet van der Weerd de buorkerij oan Pieter en Baukje. Sa wennet der wer in van der Velde op de buorkerij. Jouke Sybrens van der Velde is Baukje har omke. Baukje stjert nei in lange tiid fan siikwêzen op 5 febrewaris 1982 en yn 1990 komt der in ein oan de skiednis fan de “van der Velde “ buorkerij as dizze troch brân ferwoastige wurdt..

De Telegraaf 31 oktober 1990: Zesentwintig koeien en zeven kalveren zijn gisteren gedood bij een uitslaande brand in een boerderij in het Friese Folsgare. De 54-jarige veehouder was in enkele ogenblikken zijn veestapel en zijn huis kwijt. De brand ontstond toen de boer het dak wilde vernieuwen. Een vonk sloeg over naar het rieten dak, dat vlam vatte.

De bern fan de húshâlding fan Pieter wurde op in oar plak ûnderbrocht en Pieter Lycklama wennet in hiel skoft yn in keet op it hiem fan de buorkerij. Nei ferrin fan tiid mocht dit net mear en Pieter lit in filla bouwe op it stee fan de buorkerij. Hy wennet dêr allinne oant syn ferstjerren yn 2018. It hûs stiet dêrnei lange tiid leech.


Tekst :A.Bruin Bewurking en oersetting: Wytske Heida Foto: Wytske Heida

Zie voor meer informatie:


Colofon

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: DB Folsgeare

Opmerkingenvenster

Folsgeasterleane 2