Gedicht over de Broekstervaart


Twee gedichten over de Broekstervaart, van resp. Pieter Jelles Troelstra en Marije Roorda.


Broeksterfeart, wat bist dochs moai,

As’t dêr leist yn sêfte slomme,

Fan dat rûzjend grien omblomme,

Yn dyn bliere simmertoai.

Piter Jelles Troelstra, 1881


Wiet glânzget dyn lea yn ’t moanneljocht

fan sulver is dyn hier yn lange stringen,

dyn nachtflúster is in Panta Rhei foar

watst oerdei sjoen en heard hast.

Hoe’t it kloetsjen fan in fiskerman

jachterich feroare yn plesierfaren

litsto weisinke yn dyn kalme stream.

Oer de teloargong fan in pleats en

geandewei in bloei fan nije huzen

swijt heimlik dyn âlde hert.

Noch altyd driuwt dyn slomme

hjir sêft oan rûzjend grien foarby,

joust my dyn krêft en graasje

as in wynharpe dy dûnsje lit.


Marije Roorda

©
Tekst:
Foto voorblad: Bauke Folkertsma

Opmerkingenvenster

Gedicht over de Broekstervaart