Gjalt Feersma Hoekstra

Gjalt Feersma Hoekstra
©: RT

‘Binne der noch sûne minsken yn Nijtsjerk?’

Dit is in útspraak fan master Gjalt Feersma Hoekstra dy’t fan 1952 oant 1956  yn Nijtsjerk oan skoalle stie. Hy hie doe de klassen 4 en 5 en wenne efkes fierderop oan de Langgrousterwei, op nûmer 31. Dat wenhûs wie yn 1950 troch it skoallebestjoer foar f 5000,- oankocht foar de ‘twadde master’. De ‘earste master’, it haad fan de skoalle, wenne fansels fuort neist de skoalle.

Master Feersma Hoekstra seach fan syn wenhûs ôf út op de acht gemeentewenten dy’t yn 1919 yn blokjes fan twa boud wiene bylâns de Langgrousterwei, berikber fia twa opritten want dêr lei doe noch in sleat foar.

Wiltsje Rozendal, fan 1942-1964 lid fan it skoallebestjoer, hat út de mûle fan Feersma Hoekstra boppesteande útspraak optekene doe’t hy op in moandeitejûn op de bestjoersgearkomste fan skoalle kaam en dizze nije master noch net sa lang yn ús doarp wenne:

‘Binne der wol sûne minsken yn Nijtsjerk?’ ‘Hoe sa’, sei Rozendal, ‘hoe bedoele jo dat?’ ‘No, doe’t ik fan ‘e moarn fan’t bêd ôfkaam en de gerdinen iependie, seach ik oare kant de wei in man mei in stive foet it paad delkommen (Dat moat Klaas Sijtsma west ha). Middeis rin ik nei skoalle en sjoch ik in frou dêr ek weikommen, dy rûn mank oer beide siden (Dat moat Bontsje de Vries west ha). Letter op de dei kaam dêr noch immen wei en dy wie alhiel kreupel (Dat moat Pauzinga west ha). Sneins yn tsjerke hearde ik immen oankommen fan bonk-stap-bonk-stap, al wer immen mei in beheining (Dat moat Pieter Sakes Postma west ha). Doe kaam der noch immen oan en dat gie mear fan klak-stap-klak-stap (Dat moat Durk Torensma west ha, dy hie in houten skonk). Hjir yn it skoallebestjoer sit ek immen mei in stive foet (Dat moat Sieger Cuperus west ha). Doe’t ik nei it winkeltsje op de hoeke De Lyts Ein-De Buorren om wat tabak soe, seach ik dat dy man in bochel op de rêch hie (Dat wie Lieuwe Sijtsma, faaks better bekend as Lieuwe Koopmantsje). Begripe jo no wêrom’t ik my ôffreegje oft der noch wol sûne minsken yn Nijtsjerk wenje?’

Wiltsje Rozendal sil master Feersma Hoekstra fêst ferteld ha dat der echt wol sûne minsken yn ús doarp wennen, mar dat master gelyk hie mei syn opmerking dat der in protte beheinden yn Nijtsjerk wennen, sil er ek tajaan moatten ha. Faaks hat er him ferteld dat er noch net elkenien sjoen hie en dat syn rychje noch maklik oanfuld wurde koe mei bygelyks Wiebe Kloostra dy’t yn in rolstoel siet (in aksje troch it doarp fia de MIVON = Middenstand Vereniging OosterNijkerk hat noch in nije rolstoel foar Kloostra opsmiten), frou Haaima en frou De Vries (de frou fan Egbert de Vries, de slachter) dy’t beide in stive foet hiene en gean sa mar troch. It wie fansels ek in tiid dat de medyske wittenskip noch net sa fier wie dat er wat te dwaan wie oan sokke krupsjes. No wurde baby’s mei in ôfwiking oan de heupen bygelyks fuort yn in spreidbroekje set, kinne minsken mei minne heupen of knibbels in nijenien krije.

Mar hoe kamen, yn in tiid sûnder WAO, alderhande útkearings, sosjale wurkpleatsen, begelaat wenjen en gean samar troch dy’t yn ús tiid beskikber binne, sokke minsken doe oan de kost? Der wiene somtiden lytse pensjoentsjes beskikber mar meastentiids moasten se har sels rêde.

Sa hiene Sieger Cuperus en Lieuwe Sijtsma in winkel, wie Pauzinga ierappelkeapman want sok wurk koed er noch dwaan, wurke Klaas Sijtsma yn de grienfoarsjenning fan de gemeente. Durk Torensma wurke by de boer en sa no en dan gie it houten fuotsje ôf en kroep er by it ierdappelsykjen it hiele fjild ôf en as er op de oare ein kaam moast ien fan de jonges dat fuotsje foar him ophelje en bûn er dat wer ûnder. Hy wenne yn De Buorren foar bar De Donge (no Gaatze) oer, dêr stiene doe fan dy lytse húskes. Pieter Sakes Postma wie in lyts gernierke en wenne oan De Lytse Buorfinne, letter hat syn soan Sake dêr lange jierren allinnich wenne. Koart en goed: elk moast mar sjen him te rêden mei syn krupsje.

(optekene út de mûlen fan Ytsje Groenwold-Dijkstra en Wietse Dijkstra, sels ek in tiidlang bewenners fan ien fan de reade húskes)

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: RT

Gerelateerde informatie


VenstersFoto’s