Deel:


Haven

De haven fan Laaksum is bysûnder omdat sy sa lyts is. Der wurdt wol sein dat it de lytste, noch troch de beropsfiskers brûkte haven yn Europa is, inkeld weilein foar ûndjippe stekkende boaten fanwege de ûndjipten fan it Vrouwenzand foar de kust. Hja wie de thúshaven fan de fiskers, dy’t yn it groepke húskes wennen ferskûle efter de dyk fan de Sudersee. It gie fan harren út dat de haven rom hûndert jier ferlyn, yn 1912, oanlein waard.


Der binne no gjin fiskers mear, op ien famylje nei dan. De haven is it ryk wurden fan de rekreaasje en it toerisme, dy’t harren in bakt fiskje by de snackbar fan Hindrik goed smeitsje litte en harren fergaapje oan de ferfallen "hang" en dy iene fiskersboat, dy’t der noch in fêst lisplak hat njonken de rêdingsboat. En dan binnen der noch de wiidske útsichten mei it prachtiche ûndergean fan de sinne boppe de Iselmar.


Yn 1904 dienen sa’n fjirtich fiskers mei tweintich jollen út Skarl, Warns en Laaksum in fersyk by de provinsje om op harren kosten in nije flechthaven oan te lizzen. De reden fan it fersyk wie sa klear as wat “daar zij bij storm en onweer op de Zuiderzee grote behoefte hadden aan een veilige schuilplaats” (LC, 15 nov.1904). It bêste plak wie neffens Douwe de Vries fan Skarl “het gehucht Laaxum onder behoor van het dorp Scharl in de gemeente Hemelumer Oldephaert en Noordwolde”, hjirnei H.O.N.


De âldere haven wie om en de by 1875 troch sa’n 12 oant 12 fiskers út Skarl en Laaksum op eigen kosten groeven foar de eigen feilichens en bestie út inkeld in lytse ynham dy’t bleat stie oan leech wetter en floed. Dizze âlde haven lei 250 meter súdeast fan de haven fan hjoed de dei en is noch te sjen oan in djippe soal yn it lân.
Dizze haven bestie út in hoekiche soal fan sa’n 40 meter lang en 5 oant 6 meter breed mei in iepening fan 20 oant 25 meter yn de seewarring fan kistwurk om nei binnen te silen. Dizze haven wie net feilich en foel ticht. Foar de oanlis fan in nije haven waard dan ek keazen foar in oar plak mei djipper wetter oan de súdkant fan it buorskip Laaksum en de Laaksumerdyk.
Yn 1912 koe de oanbesteging fan de nije haven plak fine


It plan bestie út in trochbraak yn de dûbele houten seewarring en it dêrfan sterker meitsjen. Oan de kant fan de see waarden in lânhaad en beskoaiïng oanlein. De kaaien waarden foarme troch in kearmuorre mei omgeande steger mei mearpealen deroan.Foar de lange súdkant waard de âlde seewarring brûkt, dy’t lykas it kistwurk op de daam, ferfongen waard troch in muorre fan beton.


It ûntwerp wie eigenlik hiel opmerklik. De faariepening fan de haven rjochting it suden stiek selfs wat fierder de see yn as de westlike. Sels in bern soe foarsizze kinne wat as der barre soe as de golven tidens in Suderseestoarm fanút it suden oanrôljen komme. Der wie by swier waar net genôch beskerming. Ek tidens de bou wienen der al swierrichheiden en fertragings troch it stoarmwaar. De stoarmen yn it neijier fan 1915 brochten wer in oar probleem te weech. It fuortspielen fan it sân ûnder de bestrjitting.


In de jierren fjirtich kamen der klachten oer de diepte fan de havenmûle en it soal. En dat der mear en mear sân de haven ynkaam, kaam mei troch de ôfsluting fan de Sudersee. De Dienst Uitvoering Zuiderzeewerken liet it soal yn 1942 en yn 1951 útbaggerje. Yn lettere jierren is der noch faker baggere. Yn de jierren ’70 en ’80 wie der efterstallich ûnderhâld oan de haven ûntstien. In protte mearpelen wienen ferrotte, de kaaimuorren sakten yn en de haven siet ek nochris fol mei sân. Yn 1998 waard der begongen mei de renovaasje. Mei jild fan de Europese Gemeenschap, de provinsje Fryslân en it Wetterskip Fryslân koe de gemeente Nijefurd it wurk begjinne litte.
Doe’t de kaaimuorren fernijd wienen, koe de haven útbaggere wurde.


De haven behâlde har histoaryske karakter troch de hege floedpealen en de taantsjettels oan de kant, wêr’t de de fiskers harren netten konservearen. It wie in tige slagge restauraasje.


© Tekst: - © Foto voorblad: It âlders erf

Opmerkingenvenster

Haven

Kaart