IJsclub Súdwide

Op trije jannewaris 1941 wie der in gearkomste fan tweintich minsken yn it houten sneinsskoallegebou "Samuel". It doel wie it oprjochtsjen fan in pleatslike iisklub. De twa oprjochters wienen de hearen Sietze Pekema en Herre van der Ley. Yn it earstoan wie der gjin fêste baan om op te riden. De earste wedstriden binne doe ferriden op de Kromme Far yn de Súdbroek en op de Swettepoel. It bestjoer besocht doe in fêste baan by de Sylroede te krijen, mar omdat it folk hieltyd nei de Sniksweachster ikkers gie, hat dêr oant de ruilferkaveling ta in baan west.
Yn de gloarjejierren, tink aan 1952, hie ús iisklub de earste koartebaan wedstriid fan Fryslân. Oan de start fan de wedstriden ferskynden in protte pommeranten út de riderswrâld, lykas Jan Pomper, Kees van Eikeren, Klaas Poepjes, Jan en Abe Lenstra. Bekende nammen wienen ek Martha Wieringa, Jantje Tienkamp en Sietske de Boer fan Sniksweach.
In wedstriid wie altyd in prachtich barren en elkenien wie der by oanwêzich. It wie machtich gesellich op it iis en doe't ris in kear it praat troch de buorren gie dat der keninklike besite komme soe fan fjouwer prinsessen, waard fuortdaalk de flagge útstutsen by Douwe Egberts. Neidat ien útsocht hie wat dêr wier fan wie, waard de flagge wer ynhelle.
Nei de ruilferkaveling fan 1970 is de iisklub oanwiisd op de Broeksterfeart. Spitigernoch is de Broeksterfeart net sa gau fertroud en dêrtroch is it net mear mooglik om as earste in wedstriid te hâlden. De lêste jierren is der in protte feroare.  Sûnt 2004 hat Broek in Amerikaanske wynmoter dy’t de iisbaan oan de Plusterdyk yn de winter ûnder wetter pompe kin. Mar noch altyd is it sa, sa gau't it iis hâldt, is de iisklub warber om in wedstriid te organisearjen. Dan stride de bern fan de leden om de prizen, en as it mooglik is, de leden sels ek.

Zie voor meer informatie:


Colofon

Atsje Hosper

© Tekst:
© Foto voorblad: J.vd Vaart

Opmerkingenvenster

IJsclub Súdwide