Klokkenroof

Yn it jier 1723 komt de tekener Jakobus Stellingwerf yn de Broek om in tekening fan de tsjerke te meitsjen. De toer is dan al sloopt. Nei alle gedachten hat de toer tefolle te lijen hân fan it lieden fan de klok. Dêrom waard de klok yn in klokkestoel hongen. De Broeksters hienen doe al hielwat belibbe mei de klok. Dêrfoar moatte we earst nei Goaingaryp ta. Yn it Frysk Sêgeboek fan S.J.v.d. Molen stiet de folgjende sêge:


`Gongryp hie in pear moaie klokken yn it klokhûs hingjen, dy`t sa skoan (0f fúl) letten, dat it stiek de Lju yn Snits dy`t de klokken dêr hielendal hearre koenen de eagen út. Op in kear teagen hja nei Gongryp, hellen ien fan`e beide klokken út`e stoel en bruiden dy ûnderweis yn 'e Snitsermar. Sûnt steane de Snitsers yn`e Legewâlden bekend as `Klokkedieven` en heart men soms op stille dagen út`e djipten fan`e mar wei sêfte klanken rûzen. Dat is dan de Gongrypster klok dy`t ûnder wetter sels net swije kin”
Sa as it sa faak mei sêgen is, is der in bytsje fan it ferhaal wier. Allinnich hat de folksmûle it ferhaal wat oanstreke. O.Santema hat útfûn dat it wier is dat de Snitsers in klok stellen ha. Mar dat wie net de klok fan Goingaryp, it wie de klok fan de Broek (It Beaken 1973). Hy fûn yn âlde boeken prosesstikken oer de klokkerôf:
Die van Sneek door enige personen in de jare 1588 uit den Dorp Broeck hebbende doen halen, en tot hun wille en gelieven binnen der voorsz. steede doen vervoeren zekere hun costelick metalen clock, swaar geweest zijnde in gewigte ongeveerlick 4800 ponden, en die na hun wille te emploreren, niet tegenstaande diverse bevelen, die hun by syn G(enade) ende Gedep staten van dese landen, dienende tot restitutie van den clock gedaan waren, en daaromme wel behoorde, dat de Snekers aan die van Broeck restitueerden die rechte estimatie van den voorn clock, ten minsten`t gene sy uit saken van dien genoten hadden, bleven niet alleen om sulx te doen in gebreke dese en gene pretexten, weshalven de Ingesetenen van ged dorp haar daar over hebben aangesproken voor`t Hoff met dat gevolgd dat die van Sneek cum exp. was, indien niet te betalen de regte waarde van dien`. It fûnis is útsprutsen op 3 april 1593. De oarspronklike klok is nea werom kommen.

Zie voor meer informatie:


Colofon

It Beaken (1973), It Frysk sêgeBoek fan S.J. v.d. Molen

© Tekst:
© Foto voorblad: Jacobus Stellingwerf, 1720 (Tresoar)

Opmerkingenvenster

Klokkenroof