Monument “de Hoanne”

Minsken dy’t op ‘e fyts of mei de auto fan Ysbrechtum nei Nijlân ta ride, komme lâns in opfallend monumint. In monumint wêrfan it net foar eltsenien daliks dúdlik wêze sil wat de betsjutting en oarsprong is. As je de muoite nimme om it better te besjen, sjogge je in izeren skulptuer fan in grutske hoanne op in hege stiennen sokkel. De plakette op it monumint makket dúdlik dat it om in monumint foar de omkommen minsken yn de Twadde Wrâldoarloch giet. Ek yn Wymbritseradiel hat de oarloch in soad slachtoffers makke. Dêrom moast der in oantinken komme. Yn 1946 wurdt troch it gemeentebestjoer in kommisje oansteld dy’t de taak hat it oprjochtsjen fan in oarlochsmonumint te realisearjen, mei as doel de omkommen minsken fan de Twadde Wrâldoarloch út de gemeente Wymbritseradiel te betinken en de befrijing libben te hâlden.


It architektenburo Goodijk en de Vries út Snits kriget de opdracht. Se komme mei in ûntwerp foar in betinkteken dat bestiet út in 10 meter hege pylder wêrop in kraaiende hoanne komme moat te stean mei in pasjende tekst yn de pylder. Foar de kraaiende hoanne wurdt byldhouwer Willem J. van der Valk út Eelderwolde oanlutsen en foar de tekst wurdt A.Tamminga frege. Om in gaadlik plak te sykjen wêr’t it monumint stean moat, meitsje boargemaster Tjaberings en byldhouwer van der Valk mei de auto in omreis troch de gemeente. It monumint kriget in plak op de krusing fan Rykswei 43 en de Brededyk. It stiet hjir tusken de doarpen Nijlân, Tsjalhuzum, Ysbrechtum en Folsgeare yn, oan de drokste dyk yn de gemeente en yn in wrydske omjouwing. 

Op 5 September 1951 wurdt it betinkteken ûntbleate troch de kommissaris fan de Keninginne Mr. H.P. Linthorst Homan troch in doek fuort te heljen, wêrnei’t in plakette yn de pylder sichtber waard.
Hjirop stiet it gemeentewapen fan Wymbritseradeel ôfbylde mei dêr ûnder in tekst yn het Frysk. Dat is de folgjende:

1940-1945
De fûle striid,
tsjin fijâns wrede hân,
brocht ús in nije dei
foar folk en lân

Op de pylder stiet in hoanne  yn in gefjochtshâlding as symboal fan ’de driuw nei frijheid’ fan it Nederlânske folk en syn reewilligens om dy frijheid ta eltse priis te ferdigenjen.

Lykwols, as de plannen fan de ferdûbeling fan Rykswei 43 / A7 op papier komme, binne der swierrichheden mei it plak dêr’t it monumint stiet. It stiet krekt op it plak wêr’t de súdlike baan fan de A7 komme moat. De krusing op gelikense hichte fan de Brededyk / Rykswei 43 / A7 sil ferdwine en foar ûntsluting fan Folsgeare sil der in nije dyk mei in fiadukt oer de A7 oanlein wurde. Dit wurdt de hjoeddeiske Monumentwei. 

Foar it monumint wurdt keazen foar in plak fuort by Tsjalhuzum oan de Ingenawei en tusken de eardere Brededyk en de nij oan te lizzen Monumentwei. Op it plak dêr’t it monumint komt te stean, leit in ieuwenâlde terp. De terp is ein 12e ieu ferlitten nei in grutte oerstreaming. De oerstreaming hat ek in grut part fan de âlde Middelseedyk fuortslein. By it graven fan de nije sleatten lâns de Monumentwei wurde der op dat plak noch in hiele soad bonken en diggels út dat tiidrek werom fûn.Dit plak, dêr’t de terp destiids lei, hat de namme “de Stuiversche Kan “. 

It ferhaal giet, dat hjir in herberch stien hat wêr’t foar in stoer in kanne wyn te krijen wie. Bewiis hjirfoar is der (noch) net.
Wol wie der in herberch “Pasveer” fuort by Tsjalhuzum, op de krusing fan de Jongedyk mei de Ringdyk. De hynstegreide súdlik fan de herberch is noch goed werkenber. It âlde úthingboerd fan de herberch is yn besit fan it Frysk Skipfeart Museum yn Snits.
“de Stuiversche Kan” stie jierrenlang op de hikke oan de Ingenawei by Tsjalhuzum by de ôfslach nei Folsgeare. 

Yn 1972 wurdt de pylder nei de nije lokaasje ferpleatst en it fiadukt oer de A7 kriget de namme “de Stuiversche Kan”. De Monumentwei kriget syn namme, lykwols op it boerd by de ôfslach yn Tsjalhuzum stiet Monumentenwei.

Sûnt de ûntbleating yn 1951, wurdt by it oarlochsmonumint alle jierren op 4 maaie in betinkingsgearkomste holden. De basisskoallen “De Earste Trimern” yn Nijlân, “Epemaskoalle” yn Ysbrechtum en “De Gearrin” yn Folsgeare hawwe it monumint adoptearre en om bar wurdt de jierlikse betinking troch ien fan dizze skoallen organisearre. De betinking bestiet út in stille tocht fanút de trije doarpen nei it monumint. De doarpsbewenners en de skoalbern sammelje harren en rinne, foarôfgeand troch in trommelslagger, fanút it eigen doarp nei it monumint ta, dêr’t se tagelyk oankomme moatte.By it monumint hâlde fjouwer leden fan de nasjonale garde de earewacht. Troch it muzykkorps Excelsior út Nijlân wurdt koraalmuzyk spile by de oankomst fan de dorpsbewenners mei ta beslút krekt foar acht oere “The Last Post” .Hjirnei folgje om krekt acht oere twa minuten stilte, wat folge wurdt troch it mei elkoar sjongen fan it Wilhelmus. Dêrnei folget de krânslizzing troch in fertsjinwurdiger fan de gemeente, fan doarpsbelang en fan de Oranjeferiening út Nijlân, wêrnei’t alle skoalbern in blom dellizze.Ien fan de bern lêst in gedicht foar, wêrnei’t der in taspraak hâlden wurdt troch in fertsjinwurdiger fan de gemeente. De ôfsluting is it mei elkoar sjongen fan it Frysk folksliet.





Zie voor meer informatie:


Colofon

A. Bruin

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: A. Bruin

Opmerkingenvenster

Monument “de Hoanne”