Deel:


Tsjaerddyk 27

 

Yn de tiid dat de súdkant fan’e kwelder ( Nieuwlander polder) foarme waard, waard der troch de Middelsee in brede stripe klaai ôfsetten. De Tsjerdyk, no Tsjaerddyk, waard oanlein tusken 1000-1200 as grins en wetterkearing fan dyselde Middelsee.

Op ien plak bleau de stripe lykwols frijwat smel. Dat is de reden dat de buorkerij dêr’t dit finster oer giet, yn’e lingte oan’e dyk boud waard.

Sybren Haites Schukken, de âldste soan fan Haite Gerrits en Sybrig Tjeerds út Jirnsum, ( Haite Gerrits naam yn 1811 de namme Schukken oan)  trout op 12 juny 1811 mei Willemke Luitjes Kleiterp út Tsjalhuzum, dêr’t har mem en styfheit buorken.  Sybren wie al boer op’e buorkerij oan’e  Tsjaerddyk (nû 27) dêr’t it stel harren nei it houlik no ta wenjen set. Sybren syn heit besit ien tredde part fan’e buorkerij, syn skoanheit Tjeerd Sybrigs twa tredde part.

De sate bestiet út in hiem foar it hûs, huzinge mei skuorre, hôf ( efter de buorkerij ) mei 22 bunder greide. Hjirfan leit 10 bunder noardlik en 12 bunder súdlik fan ‘e Tsjaerddyk midden yn it Marlân.

Earst nei tsien jier wurdt harren earste dochter Sytske berne, yn’e jierren dêrnei komme der noch trije bern dy’t lykwols allegearre jong stjerre.

 

 

Zie voor meer informatie:

Tsjaerddyk 27, nl
Tsjaerddyk 27, fr





















© Tekst: - © Foto voorblad: archief db folsgeare

Tsjaerddyk 27
©: archief db folsgeare
Tsjaerddyk 27
kaartsje 1832 (©: db Folsgeare)
Tsjaerddyk 27
Gerben de Boer foar de buorkerij (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
mem Sjoukje Zijlstra aan de afwas (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
It melken gie mei de hân (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
Dochter Rooske oan it kealleboarnen (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
Heit Gerben oan it wâl snijen (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
Tjeerd de Boer foar de pleats (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
Sjoukje de Boer en Hantsje Speerstra op it iis (©: Tjeerd de Boer)
Tsjaerddyk 27
Skuorre mei fersakke súdmuorre (©: db Folsgeare)
Tsjaerddyk 27
Ferbouwing troch Wout Zijlstra (©: Atse Bruin)
Tsjaerddyk 27
Trainingskompleks by Wout Zijlstra (©: Wytske Heida)

Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur van het item. (Wytske Heida)