Boterstraat 9

Oorspronkelijk stond op deze plek een kleine boerderij ingeklemd tussen opvaarten naar de Kolkstraat voor de aanvoer van goederen voor de winkels in de Midstraat. Aan de overkant van het water begonnen ooit de weilanden. Een boerderij op deze plek was dus niet geheel onlogisch.

Met de uitbreiding van Joure kreeg een boerderij op deze plek steeds minder zin. De schuur werd voor andere zaken gebruikt zoals de opslag van papier en de sloop van auto-accu's. Niet onlogisch dat in die periode de grond onder het pand vervuild is met chemicaliën.

Het huidige pand staat er sinds 2007. O

Herdenkingsmonument De Molkbus

Sinds 1996 staat in Sumar, vlak bij de basisschool, het herdenkingsmonument "De Molkbus". Op het gedenkteken staat de volgende tekst te lezen: Dit tinkteken is oprjochte nei oanlieding fan: de molkestaking april/maaie 1943 As oantinken oan har dy’t omkommen binne yn’e striid foar frijheid en rjocht.

"Dat wy rjocht en frijheid hoedzje"


Als de Duitse bezetter in de eerste oorlogsjaren met allerlei dwingende maatregelen steeds meer druk op de Nederlandse en Friese bevolking begint uit te oefenen, ontstaat er langzamerhand verzet. Er ontstaan verzetsorganisatie

Ontstaan Oosternijkerk

Dodo en Siburg

Over het ontstaan van Oosternijkerk.

 “Bij de feiten die ik verhaald heb, vergat ik bijna iets te vertellen wat ik mij wel wat laat herinner. Een vrouw, Siburg genaamd, een kennis van de man Gods (hier wordt abt Frederik van Hallum mee bedoeld), en met haar haar man Dodo die zeer aan dit wereldse bestaan gehecht was, schonken hun landerijen bij Nijkerk aan dezelfde man Gods (deze landerijen nu waren het begin van de uithof die men daar nog aantreft). Zelf leidde zij met haar man in het dorp dat Dokkum heet, een eerzaam bestaan totdat zij na lange ti

Monumint “de Hoanne”

Minsken dy’t op ‘e fyts of mei de auto fan Ysbrechtum nei Nijlân ta ride, komme lâns in opfallend monumint. In monumint wêrfan it net foar eltsenien daliks dúdlik wêze sil wat de betsjutting en oarsprong is. As je de muoite nimme om it better te besjen, sjogge je in izeren skulptuer fan in grutske hoanne op in hege stiennen sokkel. De plakette op it monumint makket dúdlik dat it om in monumint foar de omkommen minsken yn de Twadde Wrâldoarloch giet.

De Tsjaerdfeart, de tekst beskriuwt de situaasje om 1900 hinne

De Tsjaerdfeart, dy’ t ek wol Tsjaerddyksterfeart neamd wurdt, begjint yn it Morrawieltsje krekt ûnder Fiifhûs en komt dan yn ‘t Hert út. ‘t Hert bestiet yn dy tiid út trije pleatsen en twa wenhûzen. De namme komt fan it hûs dêr’t yn de muorre hertsjes mitsele wiene en dêr’t  je in slokje krije koene. Fan ’t Hert ôf, rint de feart lâns de Tsjaerddyk nei it sintrum fan Folsgeare. It wie net de meast handige wize om yn Folsgeare te kommen, want fan ’t Hert ôf lei de feart fol mei

De terp Strûpenkeal

Oan in dearinnend kuierpaad, ferskûle efter it doarp Folsgeare oan de Ald Rien ( ek wol Grote Rijn ) leit in goed 3 meter hege terp. Hjir stie oant 1973 in ymposante pleats, dy’t troch hea broei ferlern gien is en nea wer opbouwd waard. De terp hie in oerflakte fan goed 7  pûnsmiet oant dizze om 1920 hinne foar in part ôfgroeven is.

Tsjaerddyk 27

Yn de tiid dat de súdkant fan’e kwelder ( Nieuwlander polder) foarme waard, waard der troch de Middelsee in brede stripe klaai ôfsetten. De Tsjerdyk, no Tsjaerddyk, waard oanlein tusken 1000-1200 as grins en wetterkearing fan dyselde Middelsee. Op ien plak bleau de stripe lykwols frijwat smel. Dat is de reden dat de buorkerij dêr’t dit finster oer giet, yn’e lingte oan’e dyk boud waard.

Sybren Haites Schukken, de âldste soan fan Haite Gerrits en Sybrig Tjeerds út Jirnsum, ( Haite Gerrits naam yn 1811 de namme Schukken oan) trou

Stânbyld: de Muontsen. Trije stilearre muontsen fan ’corten’stiel

De muontsen fan it kleaster Thabor by Turns en it Oldekleaster ( Bloemkamp) by Hartwerd hawwe in bydrage levere ta de oanlis fan de diken yn de âlde Middelsee. Dizze diken binne noch altyd dúdlik yn it lânskip oanwêzich. De trije pylders binne symboalysk foar de Jongedyk, de Tsjaerddyk en de Mieddyk. De plaat yn de foarm fan in pompeblêd stelt de stripe lân foar wêrop Folsgeare as terpdoarp ûntsien is.

Untwerp en útfiering: Annet Haring, Oerterp. Yn opdracht fan de Kulturele Ried fan de eardere gemeente Wymbritseradiel 199

Wout Zijlstra

Wout Zijlstra wurdt berne op 4 Augustus 1964 yn Wolsum. Hy is it jongste bern fan Watte Zijlstra, soan fan slachter Hantsje Zijlstra en Minke Zijlstra út Wolsum en Idske Posthuma, de dochter fan slachter Douwe Posthuma en Aagje de Boer út Folsgeare ( Tsjaerddyk 42). Boppe Wout binne twa broers en twa susters.

Heit Watte Zijlstra wurket de earste jierren fan syn houlik as feekeapman yn Wolsum. Yn 1968 keapet hy in slachterij yn Drylts en om 1975 hinne in pleats oan’e Tsjaerddyk (nû 27), dêr’t letter it súkses foar Wout begjinne sil.

<

Oanlis Folsgeasterleane

Fanút Folsgeare rûn in iuwenâld rinpaad fia Bons nei de Himdyk wêrfan’t it earste stik dat by it doarp hearde oant krekt foarby Carpe Diem, yn 1511 de Kerkwech neamd wurdt. Oan de Kerkwech stiene doe seis buorkerijen, wêrfan’t der hjoed de dei noch ien oer is. Trije binne troch brân ferlern gien (Strûpenkeal, Folsgearsterleane 2, Breeuwsmapleats) en twa binne ôfbrutsen ( Folsgeasterleane 15 en in buorkerij dy’t tichtby Folsgeasterleane 2 stien hat). It rinteniershûs, dat letter boud is by de buorkerij fan’e earst

De Garastrjitte

Oanlis Garastrjitte
 
As it  Ekersein ein tachtiger jierren fan de foarige iuw folboud is, wurdt der in perseel oan’e súdkant fan Folsgeare oanwiisd foar nijbou. 
Dit perseel hat al iuwen lang de namme: “ de Baetwe “. 
It wurdt al neamd yn 1511 yn it Register fan oanbring ûnder : Folsgara 
Lolla Teakaz. Meijer : viir ponden hoijland, leggende an die suderside die pastoers huijs , genoempt :  die Baetwe  ende hoert toe di

Gerben Willem Abma

Gerben Willem Abma is op 12 july 1942 berne yn Folsgeare. Hy is de jongste út in húshâlding fan tsien bern. Syn heit wie in boer dy’t teologyske boeken lies en de Bibel letterlik naam. Se wennen op, sa’t dy no noch yn Folsgeare neamd wurdt, de Abma’s pleats. Dizze pleats hat goed 130 jier yn it besit fan de Abma famylje west.

Willem Abma syn heit Jelle Ruurds en mem Doutsje Tjitzes Bouma kamen op de pleats yn 1929, nei’t se earst yn Nijlân buorke hiene. Jelle en Doutsje rieden mei twa bern ( Hessy en Tsjitse) op’e wein en it hy

Tsjaerddyk, Tsjerkehûs súd

Yn 1859 wurdt troch de tsjerkfâdij de bou fan it nije tsjerkehûs oan de Tsjaerddyk opdroegen oan timmerman Pieter Willems Twijnstra út it doarp. It hûs komt tusken de winkels van Epeus Couperus en Sjirk Annes Cnossen te stean. Ein 1859, as it hûs oplevere is, stjoert Pieter Willems de rekken mei in bedrach fan fl 555, 56 nei de tsjerkfâdij. De rekken wurdt betelle mei de opbringst fan in partij terpierde.

<img src="./beeldbank/frieslandwiki/lemmas/dbfolsgeare_15742080009250629.jpg"> De ondertekenden Sipke Gabes Kooistra, Klaas Feddes Br

Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard

De Tsjaerddyk begjin 1900, sjoen yn’e rjochting fan Nijlân. It hûs oan de rjochterkant is it tsjerkehûs, dêr tsjinoer is de winkel fan Anne Sjirks Cnossen ( no nûmer 36) De froulju en bern steane foar it hûs dat no nûmer 34 hat. De jonge op’e fyts stiet tsjin de gaslantearne nêst it net beboude hiem fan it tsjerkehûs.

It earste dat yn it tsjerke argyf oer dit tjerkehûs stiet, is in betelling yn 1816 oan Sikke Willems Goenga, t

De winkelman op Tsjaerddyk 36

Op’e sydkant fan‘e gevel, boppe it winkelrút, hingje twa boerden dêr’t reklame op makke wurdt foar “Van Nelle Koffie en Thee” Dêr ûnder steane Anne Sjirks en syn soantsje Sjirk Annes. Boppesteande tekst is de taljochting op de foto links

Yn 1841 bout timmerman Johannes Paulus Spiering yn Folsgeare tsjin it tsjerkhûs oer in winkel mei dêr efter in wenning.. Hy hat it perseel kocht fan Roel Uiltjes dy’t dernêst wennet en hopet letter in keaper foar it pân te finen. As it pân klear is, hiere Korn

Tsjaerddyk 32

Tsjaerddyk 32 is it hûs mei it foartúntsje ( 1920)

Pietje Hilbrands Boschma wennet fanôf har berte yn 1833 yn Folsgeare mar ferhuzet yn 1872 nei Easthim. Se fielt har dêr net thús en wol werom nei Folsgeare, Yn 1876 keapet se fan har jongste broer Jouke Hilbrands Boschma in stikje ûnbeboude grûn oan’e Tsjaerddyk mei kadaster nû 739.( letter Tsjaerddyk 32) Se lit dêr in hûs bouwe en kin no wenje yn in omjouwing dêr’t se opgroeid is en de minsken ken.

Pietje Hilbrands trout yn 1880 mei Jan van Nett

Carpe Diem - Folsgeasterleane 4

Eartiids stiene der yn it gebiet oan’e eastkant fan Folsgeare oant Snits in soad pleatsen dy’t troch rinderspaden mei elkoar ferbûn wiene. Om’t dizze rinderspaden in grut part fan it jier ûnbegeanber wiene, gie it ferfier oer it wetter. De measte pleatsen binne ferdwûn en it gebiet is foar it grutste part bedriuwenterrein wurden. Der binne nije wegen oanlein en yn plak fan hynders en karren sûze der no daagliks tûzenen auto’s oer de neistlizzende autodyk. Mar noch net alles is ferdwûn. Iensum stiet der noch ien pleats as in oantink

Folsgeasterleane 15

Fanút it doarp komme je, links oanhâldend, oan ‘e ein fan’e Folsgeasterleane by nû 15. De lânreed waard ek wol “Reade leane” neamd. It is in stee dêr’t in âlde grêft, beseamd mei beammen, sjen lit dat hjir destiids minsken wenne ha. De slopers ha goed wurk levere. Der is neat mear werom te finen fan’e Abma pleats dy’t hjir stien hat en dy’t goed 130 jier famyljebesit west hat. .

Catharina Tichelaar út Snits wie oant har fertsjerren yn 1844 eigerneske fan dizze buorkerij. Jessina Feicken

Folsgeasterleane 2

Op 25 desimber 1778 wurdt yn Hidaard Ruurd Freerks berne, it njoggende bern fan Freerk Murks Abma en Gerritje Roelofs. Ruurd Freerks leart ûnder it tasjend each fan syn âldere broers en susters it boerebedriuw thús op de buorkerij. Hy ûntwille;et him ta in goede boer en hat each foar de mienskip. Om’t hy it njoggende bern is, it de kâns tige lyts dat hy boer wurde sil op’e âlderlike buorkerij.

Lykwols, Ruurd Freerks leart Hiltje Klazes Wiersma. ( berne 26 febrewaris 1781) út Folsgeare kennen. Har âlden Claes Harmens en Ba

Breeuwsma zathe

It is simmer 1696 en op de earste buorkerij oan de Kerckweg (Folsgeasterleane), yn in strieljend sintsje, wapperje twa grutte flaggen as teken dat it feest is. Fettie Hayes Sinnema trout hjoed mei Jentie Oeges Breeuwsma fan Sibrandebuorren. Heit Haye Lous Sinnema hat in bêste ko ferkocht om der in grut feest fan meitsje te kinnen.

Nei de troutsjinst is it feest en Haye Lous sit tefreden om him hinne te sjen.Hy wit dat fan moarn ôf der in nije baas op de buorkerij is en dat it in Breeuwsma buorkerij wurde sil. Hy hat net in soan en de âldste dochters binne al troud,

Earste skoalle fan Folsgeare

Al iuwen is de skoalle it middelpunt yn it doarp. Yn it tsjerke argyf kinne wy lêze dat yn 1685 in part fan’e pastorije ferboud is ta klasselokaal en dat Douwe Douwes in heale baan as ûnderwizer hie.

Yn 1806 wurdt de skoalwet ynfierd. Yn dizze wet is regele dat allinne it iepenbier ûnderwiis subsidiearre wurdt. Yn Folsgeare bestiet de winsk om in skoalle te stichtsjen, maar earst yn1834 komme de tsjerkfâden by elkoar om te praten oer de fraach wêr’t dizze iepenbiere skoalle stean komme moat. Nei in lange gearkomste beslute se dat it bê

Doarpshûs

Yn Folsgeare is al jierrenlang in diskusje geande om in plak te sykjen wêr’t de doarpsbewenners by elkoar komme kinne. Hjirfoar wurdt yn 1974 in gebou fan’e tsjerkfâdij kocht. It pân stammet út 1843 en hat jierrenlang tsjinst dien as skoalle en ûnderwizerswenning. It gebou hat ek noch in tal jierren as beukerskoalle yn gebrûk west. De tsjerkfâdij ferkeapet it gebou ûnder trije betingsten: - De keapsom is 5000 gûne - It gebrûk as doarpshûs moat rêstich en fredich wêze - De tsjerkfâdij moat tastim

Twadde skoalle fan Folsgeare

Mei yngong fan 1 jannewaris 1886 wurdt de iepenbiere skoalle yn Folsgeare troch de gemeente opheft. Dit berjocht komt net as in tongerslach út ‘e kleare loft, want de âlden hawwe oanjûn dat se kristlik ûnderwiis foar harren bern wolle. Hjirfoar wie al in kommisje oprjochte ta begeunstiging fan kristlik ûnderwiis yn Folsgeare. Wannear’t de statuten op 7 maart 1886 by keninklik beslút goedkard wurde, is de feriening in útmakke saak. Yn septimber 1886 komt it bestjoer wer by elkoar De foarsitter dûmny E. C. Gravenmeijer iepenet de

Komelkerij Willem Sjerps Twijnstra ( Tsjaerddyk 26a)

Yn 1855 is Willem Sjerps Twijnstra 63 jier âld en 25 jier slachter yn Folsgeare. Hy is troud mei Japke Pieters Boomsma en harren bern binne hast allegearre it âlderlik hûs út. It wurdt tiid foar wat oars.

Se litte op’e ein fan’e Tsjaerddyk, nêst de slachterij, op harren eigen hiem in komelkerij bouwe mei romte foar fjouwer bisten. Willem Sjerps kin it no wat rêstiger oan dwaan mar hat dochs noch wat om hannen. Geertje, de jongste dochter, wennet by

Folsgeare 1940-1945

De Twadde Wrâldoarloch is yn Folsgeare relatyf rêstich ferrûn. De oarlochsjierren ha lykwols wol deeglik harren spoaren efter litten, al is der net in soad oer bekend. Yn dit finster binne ferskillende nijsgjirrige saken by elkoar brocht.

It earste dat bekend is, datearret al fan foar it útbrekken fan’e oarloch. By it ferbouwen fan’e twadde skoalle fan Folsgeare komt der in tekst foar it ljocht dy’t op 13 septimber 1938 op in wand skreaun is. Timmerman Thomas Stallinga ( Tsjaerddyk 22) uteret dêryn syn soargen oer it útbrekken

Tsjaerddyk 26

Smid Hein Heinsius en syn frou Durkje Boersma ha it plan opfette om foar harren dochter Sytske en dbfolsgeare_15878592004219797.jpg harren skoansoan Feike Damstra (zoon van Klaas Damstra en Klaaske de Boer) in komelkerij bouwe te litten. Hein Heinsius wol dêrfoar it stikje tsjerkelân keapje oan ‘e Tsjaerddyk, oan’e ein fan it doarp. Nei oerlis mei de tsjerkfâden kin hy it lân keapje mei in erfpacht foar ûnbeskate tiid fan jierliks 7 gûne.

Yn 1905 hat de gemeente nije regels foar it bouwen en ferbouwen ynfierd. Hein Heinsius is de earst

Gerben Abma

Gerben Abma is berne op 29-03-1932 yn Folsgeare dêr't syn heit boer wie. Op dizze buorkerij oan'e Folsgeasterleane ha dan al generaasjes lang Abma’s buorke.

Gerben wie de sechsde yn in rige fan totaal tsien bern en groeide op yn in tsjerklik rjochtsinnich fermidden. Nei de middelbere skoalle, HBS-B, helle hy it steatseksamen gymnasium A. Dêrnei studearre hy teology oan’e universiteit fan Amsterdam. Nei it kandidaatseksamen feroare hy fan stúdzjerjochting en gie fierd

Marco Rypma

Tekst komt

Van Akkerwoudsterbroek, Broek onder Akkerwoude en Broeksterwoude

Dagelijks reden vele duizenden auto’s langs Broeksterwâld, maar door de aanleg van de Centrale As is het inmiddels een stuk rustiger worden op de Haadwei. Maar hoe de toekomst ook zal worden, het is niet te vergelijken met de omstandigheden in de 19e eeuw en begin 20e eeuw. In vele publicaties worden de erbarmelijke omstandigheden beschreven met betrekking tot woonomstandigheden, scholing, hygiëne en arbeidsomstandigheden. Het geeft een beeld van armoe, grote gezinnen, spitketen en analfabetisme. Dit staat allemaal in schril contrast met de hedendaagse situatie. Het dorp he

Broeksterwoude rond 1848

Dat er vroeger in de Dokkumer Wâlden e.o. grote armoede heerste is al jarenlang een gegeven. De leefomstandigheden waren bar en boos. Armoedige woningen, (lees krotten) en grote gezinnen waren in die tijd heel normaal, doch om de dagelijkse kost te verdienen niet. Zo ook in Broeksterwoude. In bovengenoemd jaar ging een commissielid, benoemd uit en door de leden der Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, afdeling Dantumadeel, t.w. de Weleerwaarde Heer P. van Kleffens, Hervormd predikant te Akkerwoude een “slach troch De Broek”. Zijn bevindingen heeft hij aan het papier