Goaiïngahuzen
Goaijingahuzen is in nochal isolearre boerestreek fan útslutend ferspraat lizzende boerebedriuwen, hielendal yn de westlike punt fan Smellingerlân. De streek stiet al op de gritenijkaart út 1718 yn de atlas fan Schotanus oanjûn; der wienen doe minder dan tsien boerehôven. Súdeastlik fan de buorkerijen stiet in turfgraverij oanjûn. De Tegenwoordige Staat van Friesland wurdearret it net as in doarp mar as in buorskip by Boarnburgum: “In ‘Westen, aan de wyde Ee, ligt Goingahuizen, en wat Oostelyker ‘t Vlierbosch, alwaar men weleer een Klooster had, waarvan ‘t Kerkhof nog te zien is.”
Op de kaart fan 1718 stean súdlik fan de fjouwer buorkerijen fan ‘t Vlierbosch by in ferheging yn it lân ‘Vernietigt Klooster’ en ’Oude Kerkhof’ oanjûn, mar op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 is dêr neat mear fan te bespeuren. Yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa, dat healwei de 19e ieu útkaam, heart Goaijingahuzen noch by Boarnburgum. De Flearbosk bestie doedestiids út mar twa pleatsen. Noardlik fan de Flearbosk leit no in natuergebiet fan op ‘e nij ferwyldere petgatten.
Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 is Goaijingahuzen in streek mei wat losse en agraryske bebouwing. Goaijingahuzen leit oan en tusken marren en puollen yn. Inkele pleatsen en wenningen op It Eilân tusken de Kromme Ie en de Goaijingahústersleat yn binne allinne oer it wetter te berikken. De measte pleatsen yn polder De Flearbosk datearje fan nei de oarloch; it binne wol tradisjonele stjelpen, kop-rompen of kop-hals-romppleatsen. By de yngong fan de Modderige Bol stiet in fraaie kop-hals-romp út 1883.
Goaijingahuzen is in opmerklik oarde fan mûnen. Der steane trije houten spinnekopmûnen út de 19e ieu. It binne mûnen mei piramidefoarmige en mei pannen dutsen rompen en se binne foarsjoen fan fizels. Alle trije ha se in namme: Jansmolen, De Modderige Bol en it Heechhiem. Se binne yn 1990, 1992-1993 en 1995 restaurearre en yn eigendom fan en beheard troch de Stichting De Fryske Mole.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
© Foto voorblad: Hendrik van Kampen
’Hert fan Fryslân’, sa wurdt Grou faak neamd. Letterlik sjoen kin men dêr eins net folle op ôftingje: it doarp leit likernôch yn de midden fan de provinsje. Yn oerdrachtlike sin is der lykwols ek in soad te sizzen foar dy beneaming: Grou stiet symboal foar Fryslân as wettersportprovinsje. It doarp is net om `e nocht it prachtige dekôr foar de iepeningswedstriid fan it jierlikse ’skûtsjesilen’ op de Pikmar en de Wide Ie. Benammen yn de moannen juny, july en augustus is Grou in tige drok besocht en brûzjend wettersportsi